De bile dy’t dreau
1De profetelearlingen hienen tsjin Eliza sein: Sjoch it plak dêr’t wy wenje, hjir foar jo oer, is ús te lyts. 2Lit ús nei de Jordaan gean, dêr elk in balke weihelje en dêre in hûs sette om yn te wenjen. 3Hy sei: Gean mar. Immen sei: Gean, as jo wolle, mei jo tsjinners. Hy sei: 4Goed, ik gean mei. En hy gong mei. Doe’t se by de Jordaan kamen, begûnen se te beamkapjen. 5En doe’t der ien in stamme omkappe, foel it izer yn it wetter. Hy joech in gjalp en sei: Och, mynhear, it wie ek noch liend! 6De godsman frege: Wêr is it fallen? Nei’t se him it plak oanwiisd hienen, snie er in stik hout, smiet it der yn en liet it izer boppe komme. 7Hy sei: Helje it derút. En de man stiek de hân út en pakte it.
Eliza en de oarloch mei Aram
8De kening fan Aram wie al wer yn oarloch mei Israel. As er mei syn tsjinners rieplachte en sei: Op dit of dat plak sille wy in oanfal dwaan, 9dan stjoerde de godsman boadskip oan ’e kening fan Israel: Pas op, dat jo dêr net hinne geane, want de Arameeërs wolle dêr oanfalle. 10Dan stjoerde de kening fan Israel folk nei it plak, dêr’t de godsman him foar warskôge hie en hy wie op syn iepenst. Soks barde faker as ien en twaris. 11Dêrtroch rekke it hert fan ’e kening fan Aram alhiel oerstjoer. Hy liet syn tsjinners komme en sei tsjin har: Kinne jim my ek fertelle, wa fan ús it mei de kening fan Israel hâldt? 12Ien fan syn tsjinners sei: Nee, mynhear de kening, mar Eliza, de profeet yn Israel kin de kening fan Israel de wurden wol fertelle, dy’t jo yn jo sliepkeamer sizze. 13Doe sei er: Gean hinne en fernim dernei, wêr’t er sit; dan lit ik him oppakke. Sa waard him trochdien: Sjoch, hy is yn Dotan. 14Hy stjoerde der hynders en weinen en in sterk leger hinne, dat dy kamen de nachts en besingelen de stêd.
15De feint fan ’e godsman wie der betiid ôf en doe’t er bûten kaam, lei der in leger om ’e stêd hinne en ek hynders en weinen. De feint sei tsjin him: O mynhear, wat moatte wy no? 16Hy sei: Wês net bang, want dy’t by ús binne, binne machtiger as dy’t by harren binne. 17En Eliza bidde: Heare, doch him de eagen dochs iepen, dat er sjen mei. En de Heare iepene de jonge de eagen dat er seach. En sjoch, de berch om Eliza hinne wie fol hynders-en-weinen fan fjoer. 18En doe’t de fijannen op har ta kamen, bidde Eliza de Heare: Slach dit folk dochs mei blinens. En Hy sloech har mei blinens, krekt sa’t Eliza frege hie.
19Doe rôp Eliza tsjin har: Dit is de wei net en de stêd net. Kom mar mei my, dan bring ik jim nei de man, dêr’t it jim om te dwaan is. 20Sa brocht er har te Samaria en doe’t se dêr kamen, sei Eliza: Heare, doch har no de eagen iepen, dat se sjen kinne. En de Heare iepene har de eagen dat se sjen koenen. En sjoch, se wienen midden yn Samaria. 21Sa gau’t de kening fan Israel har seach, sei er tsjin Eliza: Sil ik se deadzje, sil ik se deadzje, heit? 22Mar hy sei: Jo meie se net deadzje. Slagge jo soms dea, dy’t jo mei swurd en bôge fongen hawwe? Set har brea en wetter foar, dan kinne se ite en drinke en nei har hear ta gean. 23Dêrop makke er har in bêst miel klear en se ieten en dronken. Hy liet har gean en sy gongen nei har hear. Sûnt dy tiid kamen de Arameeske binden net mear yn it lân Israel.
Samaria wurdt belegere
24Dêrnei rôp kening Benhadad fan Aram syn hiele leger byinoar, teach op en besingele Samaria. 25It iten waard tige krap yn Samaria en se besingelen it sa lang, dat in ezelskop tachtich sulverstikken gou en it fjirdepart fan in kop skilen fiif sulverstikken. 26It barde op in kear, doe’t de kening fan Israel op ’e muorre foarbygong, dat in frou him taskreaude: Mynhear de kening, help my dochs! 27Hy sei: De Heare helpt ommers net ien. Wêr sil ik jo mei helpe? Fan ’e terskflier of fan ’e wynparse? 28Mar doe frege de kening har neier: Wat skeelt dêroan? Hja antwurde: Hjir is in frou, dy’t tsjin my sei: Jou jo no jo soan, dan ite wy dy hjoed op en moarn nimme wy dan mines. 29Sa hawwe wy myn soan sean en opiten, mar doe’t ik de oare deis tsjin har sei: Jou jo jo soan, dan sille wy dy no opite, doe hie se har soan ferside brocht. 30Mei’t de kening de wurden fan ’e frou hearde, skuorde er syn klean stikken en sa’t er dêr op ’e muorre foarbygong, seach it folk dat er op it bleate fel in rousek droech. 31En hy sei: God mei my wit-wat dwaan en noch helte mear, as de holle fan Eliza, de soan fan Sjafat, hjoed op ’e romp stean bliuwt.
32No siet Eliza thús mei de âldsten by him. Doe’t de kening in man foarút stjoerd hie, sei er tsjin ’e âldsten, noch ear’t de boade by him wie: Sjogge jim wol, dat dy grutte moardner immen stjoert om my de holle ôf te slaan? Tink derom, doch de doar ticht en triuw him mei de doar nei bûten ta, sadree’t de boade komt. It lûd fan ’e stappen fan syn hear is fuort achter him. 33Hy wie noch mei har oan ’t praten, doe’t de kening op him ôfkaam en sei: Dit ûnheil wurdt troch de Heare stjoerd. Wêrom hoopje ik noch op de Heare?