Josjía fan Juda fynt it wetboek
1Josjía wie acht jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat ienëntritich jier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Jedida, dochter fan Adaja; hja kaam út Boskat. 2Hy die sa’t de Heare it hawwe woe. Hy gong de wei fan syn foarfaar David en wykte dêr net fan ôf noch nei rjochts noch nei links.
3Yn it achttjinde jier fan kening Josjía stjoerde de kening skriuwer Sjafan, soan fan Asalja, soan fan Mejûllam, nei it hûs fan de Heare mei de opdracht: 4Gean nei hegepryster Chilkía en lit him de ynkomsten fan it hûs fan de Heare optelle, dy’t de drompelwarders ynbard hawwe fan it folk. 5Lit har dat yn hannen jaan fan ’e opsichters dy’t oer it hûs fan de Heare steld binne, dat dy it útbetelje oan ’e minsken dy’t it wurk dogge oan it hûs fan de Heare en de minne plakken wer meitsje, 6de faklju, de timmerlju en de mitselders; en om hout en stien oan te keapjen foar it opmeitsjen fan ’e timpel. 7Mar der hoecht net apart rekkenskip dien te wurden fan it jild dat har yn hannen jûn wurdt, want it giet op goed betrouwen.
8Hegepryster Chilkía sei tsjin skriuwer Sjafan: Ik haw in wetboek fûn yn it hûs fan de Heare. 9Chilkía joech Sjafan it boek en dy lies it. Skriuwer Sjafan gong doe nei de kening en die ferslach: Jo tsjinners hawwe it jild yn ’e timpel byinoar dien en de opsichters yn hannen jûn, dy’t oer it hûs fan de Heare steld binne. 10Skriuwer Sjafan fernijde de kening ek, dat hegepryster Chilkía him in boek jûn hie. Doe lies Sjafan it de kening foar.
11Doe’t de kening de ynhâld fan it wetboek hearde, skuorde er syn klean stikken. 12Hy joech opdracht oan pryster Chilkía, oan Achikam, soan fan Sjafan, oan Achbor, soan fan Mikaja, oan skriuwer Sjafan en oan Asaja, de tsjinner fan ’e kening: 13Gean hinne, freegje de Heare foar my en foar it folk en foar hiele Juda om in útspraak oangeande de ynhâld fan dat boek dat fûn is. Want de grime fan de Heare tsjin ús moat wol heech oplôge wêze, omdat ús foarfaars net harke hawwe nei de ynhâld fan dit boek en net dien hawwe, wat ús allegearre foarskreaun is.
14Doe gongen pryster Chilkía, Achikam, Achbor, Sjafan en Asaja nei profetes Chûlda, de frou fan kleanbewarder Sallûm, soan fan Tikwa, soan fan Charchas. Hja wenne yn ’e nijbou fan Jeruzalem. 15Doe’t se mei har praten, sei se tsjin harren: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Sis tsjin ’e man dy’t jimme nei My tastjoerd hat: 16De Heare seit: Sjoch, Ik sil ûnheil bringe, oer dit plak en oer de lju dy’t dêr wenje, de hiele ynhâld fan it boek dat de kening fan Juda lêzen hat. 17Omdat se har fan My ôfkeard hawwe en oare goaden rûkoffers brocht hawwe en sadwaande My terge mei al dy goaden, dy’t se mei eigen hannen makke hawwe, dêrom sil myn grime oplôgje tsjin dit plak en dy giet net wer út. 18Mar tsjin de kening fan Juda, dy’t jim stjoerd hat om de Heare om in útspraak te freegjen, moatte jimme sizze: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Wat de dingen oanbelanget dysto heard hast – 19omdat it dy yn it moed taast hat en omdatsto dy lyts makke hast foar de eagen fan de Heare, doesto heardest wat Ik tsjin dit plak en de minsken hjir sprutsen haw, dat it in oarde fan ôfgriis en ferflokking wurde sil en omdatsto dy de klean stikken skuord en skriemd hast foar myn eagen, dêrom haw Ik no ek harke – is de godsspraak fan de Heare. 20Om dizze reden sil Ik dy by dyn foarfaars bringe; do silst yn frede yn dyn grêf lein wurde en dyn eagen sille neat sjen fan alle ûnheil, dat Ik oer dit plak komme lit. Dat antwurd brochten se de kening oer.