Joächaz fan Israel
1Yn it trijeëntweintichste jier fan Joäsj, de soan fan kening Achazja fan Juda, waard Joächaz, de soan fan Jehû, kening oer Israel te Samaria en hy hat santjin jier regearre. 2Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe en folge de sûnden nei fan Jerobeäm, de soan fan Nebat, dêr’t dy Israel ta brocht hie. Hy wykte der net fan ôf. 3Sa lôge de grime fan de Heare op tsjin Israel. Hy joech har yn ’e macht fan kening Hazaël fan Aram, en yn ’e macht fan Benhadad, de soan fan Hazaël, dy hiele tiid.
4Mar Joächaz bidde sa ynmoedich ta de Heare, dat de Heare harke nei him, want Hy hie wol sjoen, hoe slim de kening fan Aram Israel derûnder hâlde. 5De Heare beskikte Israel in ferlosser, dat de Israeliten slaggen ûnder de macht fan Aram wei en koenen wer yn har tinten wenje lykas altyd. 6Lykwols, se wykten net ôf fan ’e sûnden fan Jerobeäms hûs, dêr’t Jerobeäm Israel ta brocht hie, mar se gongen dermei troch. Ek de wijde peal te Samaria bleau stean.
7Wierliken, hy hie Joächaz oars gjin soldaten oerhâlde litten as 50 ruters, 10 striidweinen en 10.000 man fuotfolk. Want de kening fan Aram hie se teheistere en se makke as tsjêf by it terskjen. 8It fierdere fan ’e skiednis fan Joächaz, alles dat er dien hat, syn dappere dieden, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 9Joächaz is rêst mei syn foarfaars en hja begroeven him te Samaria en syn soan Joäsj folge him op.
Joäsj fan Israel
10Yn it sânentritichste jier fan kening Joäsj fan Juda, waard Joäsj, de soan fan Joächaz, kening oer Israel te Samaria en hy hat sechstjin jier regearre. 11Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy wykte net ôf fan alle sûnden, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie, mar hy gong dermei troch. 12It fierdere fan ’e skiednis fan Joäsj, alles dat er dien hat, syn dappere dieden, hoe’t er fochten hat tsjin kening Amasja fan Juda, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 13Nei’t Joäsj rêst wie mei syn foarfaars, sette Jerobeäm him op ’e troan. Joäsj waard begroeven te Samaria by de keningen fan Israel.
Dea en lêste teken fan Eliza
14Eliza lei op bêd mei de sykte dêr’t er ek oan stjerre soe. Kening Joäsj fan Israel kaam by him en skriemde om him; hy sei: Myn heit, myn heit, wein en ruters fan Israel! 15Eliza sei tsjin him: Nim in bôge mei pylken. 16En hy naam in bôge mei pylken. Doe sei er tsjin ’e kening fan Israel: Lis jo de hân ris op ’e bôge. Hy lei de hân derop en Eliza lei syn eigen hannen op ’e hannen fan ’e kening. 17Dêrnei sei er: Doch it finster nei it easten iepen. Doe’t er it iepen dien hie, sei Eliza: Sjitte! En doe’t er sketten hie, sei Eliza: In pylk fan ’e oerwinning fan de Heare: in pylk fan oerwinning op Aram. Jo sille Aram by Afek ferslaan oant se ferdylge binne.
18Dêrnei sei er: Krij de pylken. Doe’t er de pylken krige hie, sei er tsjin ’e kening fan Israel: Slach op ’e grûn. Trije kear sloech er en hâlde doe op. 19De godsman waard tige lilk op him en sei: Jo hienen fiif of seis kear slaan moatten, dan soenen jo Aram ferslein hawwe oant se ferdylge wienen. No sille jo Aram mar trije kear ferslaan.
20Eliza stoar en hja begroeven him. No plichten de binden fan ’e Moäbiten yn ’e maitiid ynfallen yn it lân te dwaan. 21Doe’t dêr guon minsken dwaande wienen immen te begraven, seagen se sa’n binde oankommen. Se smieten it lyk mar gau yn it grêf fan Eliza en makken dat se fuortkamen. Mar de man hie noch mar krekt de bonken fan Eliza roerd, of hy waard wer libben en stie op syn fuotten.
22Kening Hazaël fan Aram hie Israel derûnder hân al de dagen fan Joächaz. 23De Heare wie har lykwols genedich, hie begrutsjen mei har en kearde Him wer nei har ta, omwille fan syn ferbûn mei Abraham, Izaäk en Jakob. Hy woe har net ferdylgje en Hy hie syn folk noch net út syn eagen band. 24Nei’t kening Hazaël fan Aram stoarn wie, waard Benhadad yn syn plak kening. 25En Joäsj, de soan fan Joächaz, ferovere op Benhadad de stêden wer, dy’t dy op syn heit Joächaz yn ’e oarloch ferovere hie. Joäsj fersloech him trije kear en ferovere de stêden fan Israel wer.