2 Kroniken 3
1Salomo makke in begjin mei de bou fan it hûs fan de Heare te Jeruzalem op ’e berch Moría, dêr’t de Heare oan syn heit David ferskynd wie. Dat wie it plak dat David dêrfoar beskikt hie: de terskflier fan Ornan de Jebûsyt. 2Yn ’e twadde moanne fan it fjirde jier dat er regearre begûn er mei de bou. 3Dit binne de ôfmjittings fan it bestek wêrneffens Salomo it hûs fan God bouwe woe: de lingte yn jellen – âlde jellen dan – wie sechstich en de breedte tweintich. 4It foarhûs paste fan lingte krekt by de breedte fan it hûs, beide tweintich jellen en de hichte fan dy hal wie ek tweintich jellen; hy belei de binnekant mei kleare goud. 5De timpel sels betimmere hy mei sypressehout; hy belei dat wer mei fyn goud, dêr’t er palmen en slingers op oanbrocht. 6As fersiering fan it hûs sette hy der kostbere stiennen yn. It goud wie Parvaïm-goud. 7Sa belei er de balken, de drompels, de muorren en de doarren fan it hûs mei goud, en op ’e muorren snie er kearûb-ingels út.
8Fierder boude er it Allerhillichste: it paste fan lingte krekt by de breedte fan it haadgebou: tweintich jellen en it wie ek tweintich jellen breed. Hy belei it mei fyn goud foar in wearde fan 600 talinten. 9It gewicht fan ’e spikers wie fyftich sikkel goud. Ek de boppekeamers belei er mei goud. 10Yn it Allerhillichste makke er twa kearûb-ingels, byldhouwurk dat er mei goud belei. 11De wjukken fan ’e kearûbs wienen mei-inoar tweintich jellen. Ien wjuk fan ’e earste kearûb wie fiif jellen en rekke krekt de muorre fan it gebou. Syn oare wjuk – ek fiif jellen – rekke in wjuk fan ’e twadde kearûb. 12Ien wjuk fan ’e twadde kearûb wie ek fiif jellen en rekke ek krekt de muorre fan it gebou, wylst syn oare wjuk – dy’t ek fiif jellen wie – fêst siet oan ’e wjuk fan ’e earste. 13Sa besloegen de útsprate wjukken fan dy beide kearûbs dus tweintich jellen. Se stienen rjochtop mei it gesicht nei it haadgebou.
14Salomo makke it foarkleed fan pears en read poarper, karmozyn en fyn linnen, dêr’t er kearûbs op oanbrocht. 15Oan ’e foarkant fan it gebou makke er twa pylders, dy’t fiifentritich jellen heech wienen. It kapiteel oan ’e boppekant wie fiif jellen. 16Hy makke ek krânsen fan slingers, dy’t boppe oan ’e pylders plak krigen. Fierder makke er hûndert granaatappels en sette dy tusken de slingers. 17De pylders sette er foar de timpel, de iene oan ’e rjochterkant, de oare oan ’e linkerkant. De rjochter neamde er Jakin – Hy makket fêst – de linker Boäz – Yn Him is sterkte.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap