Saul treft Samuël
1No wie der in man út Benjamin, dy’t Kisj hiet, de soan fan Abiël, de soan fan Seror, de soan fan Bekoarat, de soan fan Afiach, in Benjaminyt; in man dy’t it tige goed dwaan koe. 2Dy hie in soan. Saul hiet er. Dat wie in feardich jongfeint; ja, der wie ûnder de Israeliten net ien feardiger as hy. Hy stiek in holle boppe allegearre út. 3Op in dei wienen de ezelinnen fan Kisj, Sauls heit, fuortrûn. Dat Kisj sei tsjin syn soan Saul: Nim mar ien fan ’e feinten mei en gean derop út om de ezelinnen te sykjen.
4Sa gong er troch it berchlân Efraïm en it lân Sjalisja, mar hja fûnen se net. Dêrnei gongen se troch it lân Saälim, mar wer neat. Doe gongen se troch it lân fan Benjamin, mar fûnen de bisten net. 5Doe’t se yn it lân fan Sûf oankommen wienen, sei Saul tsjin ’e jonge dy’t er by him hie: Kom, lit ús mar weromgean. Oars tinkt ús heit aanst om gjin ezelinnen mear, mar sit er oer ús yn noed. 6Mar de jonge sei tsjin him: Sjoch, yn dizze stêd hjirre is in Godsman. Dy man is tige yn oansjen. Alles wat er seit komt grif út. Lit ús dêr no ris hinnegean; faaks kin dy ús útslútsel jaan oer hoe’t wy fierder moatte. 7Mar Saul sei tsjin de jonge: As wy dêr hinnegeane, wat soenen wy dy man dan meinimme moatte? It brea út ús sekken is ommers al op en in geskink om foar de Godsman mei te nimmen is der ek net. Wat hawwe wy by ús? 8Mar de jonge hâlde oan by Saul en sei: Sjoch, hjir fyn ik noch in fjirdepart fan in sulveren sikkel. As ik dy ris oan ’e Godsman joech, dan fertelt hy ús wol hoe’t wy fierder moatte. 9Eartiids sei yn Israel ien dy’t hinnegong om God om in útspraak te freegjen: Kom, lit ús nei de sjenner gean. Want wat tsjintwurdich in profeet is, neamden se eartiids in sjenner. – 10Dêrop sei Saul tsjin de jonge: Dat hast goed betocht. Kom, lit ús gean! Dat se gongen nei de stêd dêr’t de Godsman wie.
11Doe’t se by de hichte fan ’e stêd opgongen, troffen se jongfammen dy’t de stêd út kamen om wetter te putten. Hja seinen tsjin har: Is de sjenner der ek? 12Hja antwurden har: Ja, hy is der. Sjoch, dêr foar jim út. Mar jimme moatte oanmeitsje, want hy is hjoed yn ’e stêd kommen, mei’t it folk in offermiel hat op ’e hichte. 13As jim gau de stêd yngeane, dan sille jim him noch treffe, ear’t er de hichte opgiet om te iten. It folk yt nammentlik net ear’t hy der is, want hy segenet it offermiel en earst dan ite de útnoege gasten. Dat gean no, want jim kinne him no noch krekt treffe. 14Doe gongen se nei de stêd. Mei’t se de stêd ynkamen, sjoch dêr kaam Samuël nei bûten ta, har yn ’e mjitte, om nei de hichte ta te gean.
15No hie de Heare de deis foardat Saul kaam oan Samuël persoanlik iepenbiere: 16Moarn om dizze tiid sil Ik dy in man stjoere út it lân Benjamin. Salvje him ta foarst oer myn folk Israel. Hy sil myn folk ferlosse út ’e macht fan ’e Filistinen. Want Ik haw nei myn folk omsjoen, mei’t har helpgerop oan My ta kommen is.
17Doe’t Samuël Saul seach, die de Heare him te witten: Sjochdêr de man, dêr’t Ik it mei dy oer hân haw. Dy sil oer myn folk hearskje. 18Saul kaam op Samuël ta midden yn ’e poarte en sei: Kinne jo my ek sizze, wêr’t hjir it hûs fan ’e sjenner is? 19Samuël antwurde Saul: Ik bin de sjenner sels. Gean foar my út de hichte op. Jim ite dan hjoed mei my en moarn lit ik jo gean. Ik sil jo útslútsel jaan oer alles dêr’t jo mei ompakke. 20Wat de ezelinnen oangiet dy’t jo no al trije dagen kwyt binne, sit dêr mar net oer yn, want dy binne al fûn. Sa nèt, foar wa is it bêste fan Israel? It is ommers foar jo en foar jo heite hûs. 21Mar Saul antwurde: Ik bin dochs mar in Benjaminyt, en kom dus út ien fan ’e lytste stammen fan Israel? Fan alle famyljes út ’e stam Benjamin hat dy fan ús it minst yn te bringen. Wêrom sizze jo dan sokke dingen tsjin my?
Saul by Samuël oan ’t miel
22Doe naam Samuël Saul en de jonge mei nei de ytseal en joech harren in eareplak ûnder de útnoege gasten, sa’n tritich man. 23Dêrop sei Samuël tsjin de kok: Nim no it stik dat ik dy wer meijûn haw en dêr’t ik dy fan sein haw, do soest it apart hâlde. 24De kok tsjinne it bilstik op en sette dat foar Saul del. Samuël sei: Sjoch, wat apart hâlden is, wurdt jo foarset. Yt derfan, want it is foar jo ornearre en bewarre, fuort doe’t ik it folk noege. Dat sa iet Saul dy deis by Samuël. 25Doe’t se by de hichte del nei de stêd ta gien wienen, hied er in petear mei Saul op it platdak.
26Hja kamen der betiid ôf en wylst de dage oan ’e loft kaam, rôp Samuël tsjin Saul op it platdak: Meitsje jo klear, dan sil ik jo gean litte. Dat Saul makke him klear en hja gongen beide, hy en Samuël, nei bûten ta. 27Doe’t se oan ’e râne fan ’e stêd kommen wienen, sei Samuël tsjin Saul: Sis tsjin ’e jonge dat er foarútgiet – en dy rûn troch – mar bliuw jo efkes stean, dan sil ik jo Gods boadskip hearre litte.