De arke werom nei Israel
1Sa wie de arke fan de Heare sân moanne yn it gebied fan ’e Filistinen. 2Doe rôpen de Filistinen de prysters en wiersizzers en fregen har: Hoe moatte wy mei de arke fan de Heare oan? Sis jimme ús noris, hoe’t wy dy weromstjoere moatte nei it plak dêr’t er heart. 3En dy seinen: As jimme de arke fan Israels God fuortstjoere, stjoer dy dan net samar fuort. Jimme moatte it foaral mei Him goedmeitsje mei in skuldoffer. Dan sille jim better wurde en it sil jimme dúdlik wêze, wêrom’t syn hân net fan jim ôfnommen wurdt. 4Dêrop seinen se: Mei hokker skuldoffer moatte wy it mei Him goedmeitsje? Hja antwurden: Fiif gouden swolms en fiif gouden mûzen, neffens it tal fan ’e Filistynske foarsten. It is ommers ien-en-deselde pleach, dy’t sawol oer jimme allegearre as oer jimme foarsten kommen is. 5Dat meitsje jimme swolms, en de mûzen dy’t jimme lân ferrinnewearje, yn goud nei en jou Israels God de eare. Faaks dat Er dan syn hân fan jimme lichtet, fan jim goaden en fan jim lân. 6Wêrom soenen jimme der stiif tsjinyngean lykas de Egyptners en Farao dien hawwe? Is ’t net sa, dat doe’t Hy tsjin har fanwegen kaam, hja harren dochs frij gean litte moasten en hja ôfreizgje koenen? 7Soargje no, dat jim in nije wein krije en twa nijmelke kij, dy’t noch net ûnder it jok west ha. Span de kij foar de wein, mar helje de keallen dêrby wei en bring dy wer nei it hok. 8Dan moatte jim de arke fan de Heare nimme en dy op ’e wein sette. Doch dan it goudguod om it mei Him wer goed te meitsjen, yn in kistke dêrnjonken en lit him dan fuortgean. 9Hâld him dan yn ’t each: As er de wei opgiet nei de eigen gerjochtichheid, nei Bet-Sjêmesj, dan hat Hy ús dit grutte kwea oandien, mar sa net, dan witte wy dat it syn hân net wie, dy’t ús rekke hat. It is ús dan by tafal oerkommen.
10Dat dienen dy lju doe. Hja namen twa nijmelke kij, spanden dy foar de wein en setten de keallen yn it hok. 11De arke fan de Heare setten se op ’e wein mei it kistke, de gouden mûzen en har neimakke bulten. 12Dêrop setten de kij de wei út, rjocht op Bet-Sjêmesj oan. Baltendewei hâlden se har oan ’e grutte wei, sûnder nei rjochts of links ôf te wiken. De Filistynske foarsten rûnen achter har oan oan ’e gerjochtichheid fan Bet-Sjêmesj ta.
De arke yn Bet-Sjêmesj
13No wienen de lju fan Bet-Sjêmesj yn ’e delling dwaande mei it rispjen fan ’e weet. Doe’t se opseagen, waarden se de arke gewaar en hja wienen bliid doe’t se him seagen. 14Doe’t de wein oan it stik lân fan Josjûa de Betsjêmyt takommen wie, bleau er dêr stean. No lei dêr in grouwe stien. Hja sloegen it hout fan ’e wein fyn en offeren de kij as brânoffer foar de Heare. 15De leviten hienen de arke fan de Heare mei it kistke dat dêrby wie en dêr’t it goudguod yn siet ôfladen en dy op ’e grouwe stien set. En de manlju fan Bet-Sjêmesj brochten dy deis brânoffers en fleisoffers foar de Heare. 16Doe’t de fiif Filistynske foarsten dat sjoen hienen, gongen se deselde deis noch werom nei Ekron.
17Dit binne de fiif gouden bulten dy’t de Filistinen as in skuldoffer foar de Heare meijûn hienen: ien foar Asjdod, ien foar Gaza, ien foar Asjkelon, ien foar Gat en ien foar Ekron. 18De gouden mûzen wienen neffens it tal fan alle Filistynske stêden dy’t ûnder de fiif foarsten stienen, fan ’e fersterke stêden oan ’e doarpen ta. Noch oan hjoed-de-dei ta leit de grouwe stien dêr’t se de arke fan de Heare op delset ha, op it stik lân fan Josjûa de Betsjêmyt. 19De Heare sloech guon fan ’e mannen fan Bet-Sjêmesj, omdat se de arke fan de Heare nijsgjirrichwei besjoen hienen. Under it folk sloech Hy santich man, dat it folk rouwe om’t de Heare in grutte slachting ûnder it folk hâlden hie.
De arke nei Kirjat-Jeärim
20Dêrop seinen de manlju fan Bet-Sjêmesj: Wa soe it hâlde kinne tsjin de Heare, dy hillige God? Hy moat by ús wei, mar wêrhinne? 21Doe stjoerden se boaden nei de ynwenners fan Kirjat-Jeärim en seinen: De Filistinen hawwe de arke fan de Heare weromstjoerd. Kom no en helje him op nei jimmes ta.