Jonatans pleitsjen foar David docht fertuten
1Saul hie it der oer mei Jonatan en mei al syn tsjinstfeinten, dat David dea moast. No hie Jonatan, Sauls soan, tige folle mei David op. 2Dat Jonatan brocht oan David oer: Us heit, Saul, is derop út om dy te deadzjen. Dat pas moarn goed op, gean ferside en hâld dy ferskûle. 3Ik sil dan bûtenút gean en njonken heit stean gean yn it fjild dêrsto biste. Dan sil ik mei ús heit oer dy prate. As ik dan sjoen haw hoe’t it der foar stiet, sil ik it dy oerbringe.
4Doe joech Jonatan tsjin syn heit Saul tige op fan David. Hy sei tsjin him: Lit de kening him dochs net besûndigje oan syn tsjinstfeint David. Hy hat ek neat tsjin jo misdien, mar wat hy die, kaam jo tige te goede. 5Hy hat syn libben weage en de Filistyn ferslein. Doe hat de Heare in grutte ferlossing jûn foar hiele Israel. Jo hawwe it sels sjoen en wienen der bliid om. Wêrom soenen jo jo besûndigje oan ûnskuldich bloed en deadzje him sûnder reden? 6Saul harke nei Jonatan en swarde: Sa wier as de Heare libbet: Hy sil net deade wurde. 7Doe rôp Jonatan David en hy brocht him dat hiele petear oer. Dêrop brocht Jonatan David by Saul en hy wie wer yn dy syn tsjinst lykas tefoaren.
David naait út
8It wie wer ris oarloch en David gong derop út en focht mei de Filistinen. Hy hâlde in grutte slachting ûnder har, dat se naaiden foar him út.
9Mar in kweade geast fan de Heare kaam oer Saul. Hy siet mar yn ’e hûs, de spear yn ’e hân, wylst David de snaren poende. 10Doe besocht Saul David mei de spear oan ’e muorre te speetsen, mar David rûn by Saul wei, dat dy smiet de spear yn ’e muorre. David naaide út en noch dyselde nachts ûntkaam er.
11Want Saul stjoerde boaden om Davids hûs yn ’e gaten te hâlden en him de moarns te deadzjen. Mar Mikal, Davids frou, fertelde it him en sei: Ast fannacht dyn libben net rêdst bist moarn in lyk. 12Dêrop liet Mikal David troch it finster sakje en hy gong fuort. Sa naaide er út en ûntkaam. 13Doe naam Mikal de tearafim en lei dy op it bêd. In net fan geitehier lei se op syn hollenein mei dêr in tekken oerhinne.
14Doe’t Saul boaden stjoerde om David op te pakken, sei se: Hy is siik. 15Mar Saul stjoerde boaden om nei David te sjen. Hy sei: Bring him mar mei bêd-en-al by my, dan kin ik him deadzje. 16Mar doe’t de boaden dêr kamen, sjoch, doe lei de tearafim op bêd mei in net fan geitehier op it hollenein. 17Doe sei Saul tsjin Mikal: Wêrom hast my sa foarliigd, datst myn fijân rinne litten hast? No koed er ommers ûntkomme! Mar Mikal sei tsjin Saul: Hy sei tsjin my: Lit my gean, oars soe ik dy dea meitsje moatte.
Saul en David by Samuël
18Sa wie David útnaaid en ûntkommen. Neidat er by Samuël yn Rama oankommen wie, fertelde er dy alles wat Saul him oandien hie. Hy gong doe mei Samuël fuort en hja bleauwen te Najot. 19Doe’t oan Saul ferteld waard: David is te Najot by Rama, – 20stjoerde Saul boaden om David op te pakken. Mar hja seagen in groep profeten dy’t oan it profetearjen wienen en Samuël stie as foarman oer harren. Doe kaam de Geast fan God oer de boaden fan Saul, dat hja har ek hâlden en droegen as profeten. 21Doe’t se dat oan Saul fertelden, stjoerde er oare boaden en ek dy hâlden en droegen har as profeten. Wer stjoerde Saul, foar de tredde kear, boaden en ek dy hâlden en droegen har as profeten. 22Doe gong er dan sels mar nei Rama. Hy kaam by de grutte put oan dy’t yn Sêkû is, en frege: Wêr binne Samuël en David? Hja seinen: Wel, yn Najot by Rama. 23Wylst er nei Najot by Rama gong, kaam de Geast fan God ek oer him, dat de hiele wei oan Najot by Rama ta hâlde en droech er him as profeet. 24Ek hy die syn klean út en ek hy hâlde en droech him yn it bywêzen fan Samuël as profeet. Hy foel del en bleau dy hiele dei en nacht neaken lizzen. Dêrom wurdt der sein: Is Saul ek al ûnder de profeten?