Antíochus VII besiket Simon oan syn kant te krijen
1Antíochus, de soan fan kening Demétrius, stjoerde fan ’e eilannen yn ’e Middellânske see ôf oan hegepryster Simon, de lieder fan ’e Joaden, en oan it hiele folk in brief. 2Dêr stie dit yn: Fan kening Antíochus oan de hegepryster en lieder Simon en oan it Joadske folk: De groetenis! 3Omreden in stikmannich minne keardels har baas makke hawwe fan it ryk fan myn foarâlden en ik dat ryk werom ha wol, dat dat wer wurde sil as foarhinne, haw ik hiel wat troepen wûn en oarlochsskippen útrist. 4Dêr wol ik mei oan lân gean en har dy’t ús lân ferrinnewearre en party stêden fan myn ryk mei de grûn lykmakke hawwe, ôfstraffe. 5Ik wol dan hjirby dit befestigje: Alles dêr’t myn foarâlden jo fan frijskat hawwe, dêr bliuwe jo fan frijskat; en alle ding dat se jo skonken hawwe, dat bliuwt jo skonken. 6En dan jou ik jo noch it frij om foar jo lân munten te slaan. 7Jeruzalem en de timpel sille frij wêze fan alle lêsten. Alle wapens dy’t jo meitsje litten hawwe, en de festings dy’t jo boud hawwe, en no yn jo besit binne, dy bliuwe jowes. 8Alles dat jo de kening syn skatkiste skuldich binne, no en yn ’e takomst, dêr binne jo fan no ôf foar altiten fan frijskat. 9Sa gau’t wy ús ryk wer op oarder hawwe, sille wy jo, jo folk en de timpel sa’n eare oandwaan, dat jimme in namme krije dy’t klinkt de hiele wrâld oer.
10Yn it jier 174 sette Antíochus nei it lân fan syn foarâlden. Sawat it hiele leger krige er oan syn kant, dat Tryfon hâlde mar in stikmannich soldaten mear oer. 11Dêrom naaide hy út. Antíochus him achternei. Tryfon fûn doe in hinnekommen yn Dor, in plak oan see. 12No’t syn leger him sitte litten hie, wist er mar al te goed, dat de iene ramp nei de oare him boppe de holle hong. 13Antíochus belegere no Dor mei 120.000 man fuotfolk en 8000 man hynstefolk. 14Hy besingele de stêd oan alle kanten. Ut see wei holpen skippen him dêrby. Dat sa krige er de stêd sawol fan de lân- as fan de seekant yn ’e skjirre. En der wie net ien dy’t er der yn- of útgean liet.
Antwurd fan Rome
15Wylst kaam Numénius mei syn mannen út Rome werom mei brieven foar de keningen en de steaten, dêr’t dit yn stie: 16Fan Lucius, konsul fan ’e Romeinen, oan kening Ptoleméus: De groetenis! 17De boaden fan ’e Joaden, ús freonen en bûnsmaten, binne by ús kommen om de freonskip en it bûn dy’t wy al earder mei har hienen, te fernijen. Se wienen troch hegepryster Simon en it Joadske folk nei ús ta stjoerd. 18In gouden skyld, dat tûzen pûn wurdich wie, hienen se meinommen. 19Wy hawwe dan ek besletten om oan ’e keningen en ’e steaten te skriuwen har gjin lêst oan te dwaan en har net oan te fallen, har net, mar ek har stêden en har gerjochtichheid net, en de lju dy’t oarloch mei harren hawwe, mei ien of oar net te helpen. 20Wy hawwe it beslút nommen om it skyld fan har oan te nimmen. 21As der no dogeneaten wêze mochten, dy’t út har lân weiflechte binne nei jimme ta, leverje se dan út oan hegepryster Simon, dat dy se neffens de Joadske wet straffe kin.
22Datselde skreau er oan kening Demétrius en oan Attalus, Ariates en Arsakes, 23ja, oan alle steaten, oan Sampsaké en de Spartanen, oan Delos en Mundos, Sikyon en Karië, Samos en Pamfilië, Lysië en Halikarnassus, Rodus en Faselis, Kos en Side, Arad en Gortyna, oan Knidos, Cyprus en Cyrene. 24Fan dy brieven krige hegepryster Simon in ôfskrift.
Antíochus en Simon wurde fijannen
25No lei kening Antíochus foar Dor, yn ’e foarstêd. Hy die dêr oanienwei oanfallen op, makke alderhanne ark dat er dêrta brûke moast en hy sleat Tryfon sa slim yn, dat dy koe de stêd út noch yn. 26Simon stjoerde 2000 man fan syn alderbêste soldaten nei Antíochus om him te helpen, en ek sulver en goud en in macht wapens. 27Mar dy woe dat net oannimme, ja slimmer noch, hy naam alles werom, dat er mei Simon ôfpraat hie en behannele him as syn fijân. 28Hy stjoerde Atenobius, ien fan syn Freonen, nei Simon ta om mei him te praten. En dy moast dit tsjin him sizze: Jimme hâlde Joppe, Gezer en de stins yn Jeruzalem beset en dy hearre by myn ryk. 29De gerjochtichheid dêrfan hawwe jimme ferwoeste, it lân útrûpele en jim baas makke oer hiele hoeken fan myn ryk. 30Dat jou de stêden dy’t jimme beset ha, werom en betelje my de belesting fan dy kontreien bûten de grinzen fan Juda, dêr’t jimme jim baas oer makke hawwe. 31En dogge jimme dat net, dan easkje ik dêrfoar yn it plak 500 talinten sulver. En dêr oerhinne, as fergoeding foar it ferwoesten dat jimme dien hawwe en foar it naderjen fan ’e belesting fan ’e stêden, nochris wer 500 talinten sulver. En foldogge jimme dêr net oan, dan komme wy mei in leger.
32Doe’t Atenobius, de Freon fan ’e kening, yn Jeruzalem kaam en dêr de pronk en de pracht fan Simon seach, de skinktafel mei it gouden en sulveren reau, en de grutte steat dy’t er fierde, seach er him de eagen út ’e holle. Doe’t er Simon de wurden fan ’e kening oerbrocht hie, 33joech dy him dit antwurd: Wy hawwe ús alhielendal net baas makke oer in oar syn lân en oer in oar syn goed, o nee, mar oer it erfskip fan ús foarâlden. En dêr hawwe ús fijannen, tsjin alle rjocht en wet yn, in skoft lang mei dien krekt of wie it harres. 34En sa gau’t wy de kâns krigen, ha wy dat erfskip fan ús foarâlden wer ta uzes makke. 35Wat Joppe en Gezer, dy’t jo opeaskje, oanbelanget, dy beide stêden hawwe ús folk en ús lân slim yn it lijen brocht. Lykwols, wy wolle jo der hûndert talinten foar jaan. Sûnder in wurd te sizzen 36gong Atenobius lilk nei de kening werom, fertelde wat Simon tsjin him sein hie, mar ek fan dy syn pronk en pracht, en fan al de oare dingen dy’t er dêr by Simon sjoen hie. Doe’t de kening dat allegearre hearde, waard er opsternaat.
37Wilens wie it Tryfon slagge in skip te besetten en sa nei Ortosia te ûntkommen. 38Sadwaande joech de kening oan Kendebéus it befel oer de hiele kuststreek, joech him fuotfolk en hynstefolk, 39en droech him op om oan ’e grins fan Judéa syn kamp op te slaan, Kedron wer op te bouwen, de poarten dêrfan te fersterkjen en om dan it Joadske folk oan te fallen. De kening soe dan sels achter Tryfon oan. 40Kendebéus slagge nei Jamnia en begûn it folk te tergjen mei ynfallen yn Judéa te dwaan, en dêrby guon ynwenners op te pakken en te fermoardzjen. 41Hy boude Kedron wer op, lei dêr hynstefolk en fuotfolk yn, mei it doel om dêrút wei, sa’t de kening him hjitten hie, ynfallen yn Judéa te dwaan.