Alexander komt oan syn ein
1Doe brocht de kening fan Egypte in leger byinoar, sa machtich as de sânkerlen op it strân fan ’e see. En ek in hiele mannichte skippen. Want hy wie fan doel mei mûklist Alexander syn ryk yn ’e macht te krijen en it dan by sines te dwaan. 2Hy liet it foarkomme, as wie it om oer frede te praten dat er nei Syrië kaam. De minsken yn ’e stêden dienen de poarten foar him iepen en hellen him yn. Om’t it syn skoanheit wie, hie kening Alexander befel jûn dat te dwaan.
3Mar hieltiten as Ptoleméus yn in stêd slagge wie, liet er dêr in besetting achter.
4Doe’t er by Azotus kaam, lieten se him dêr de ôfbrânde timpel fan Dagon sjen en hoe’t Azotus en omkriten ferwoeste wie. En ek de liken, dêr’t it lân suver mei besiedde wie, de oerbliuwsels fan de mannen, dy’t Jonatan yn ’e oarloch ferbrâne litten hie en dy’t se no oan bulten lein hienen bylâns it paad dat de kening nimme soe. 5En se fertelden him dat Jonatan dat allegearre dien hie, yn ’e hope dat er dy ôfstraffe soe. Mar de kening sei der neat op.
6Jonatan gong nei Joppe, de kening mei staasje yn ’e mjitte om him wolkom te hjitten. Se begroeten inoar en bleauwen dêr de nachts oer. 7En Jonatan triek mei de kening op, oan de rivier de Eleuterus ta. Doe gong er werom nei Jeruzalem. 8Sa krige kening Ptoleméus dy’t net folle goeds mei Alexander foar hie, de stêden bylâns de kust yn ’e hannen, wol oan Seleusië-oan-See ta. 9Dêrwei stjoerde er boaden nei kening Demétrius mei it útstel: Jo en ik moasten in bûn oangean. Ik sil jo dan myn dochter jaan, dy’t no mei Alexander troud is en jo sille kening wurde fan jo heite ryk. 10Want it muoit my, dat ik myn dochter oan Alexander jûn ha. Hat er ommers der net op út west om my te fermoardzjen? 11Sa belekskoaide er Alexander, want hy hie it op dy syn ryk begrepen. 12Hy naam him syn dochter ôf en joech har oan Demétrius. Sa rekken hy en Alexander útinoar en waarden iepentlike fijannen.
13Ptoleméus triek Antiochië yn en sette himsels dêr de kroan fan Azië op. Hy hie no twa kroanen: dy fan Egypte en dy fan Azië. 14Kening Alexander wie op dat stuit yn Silisië omreden de lju fan dy kontreien it tsjin him yn ’e kant setten. 15Mar doe’t er hearde wat Ptoleméus allegearre út ’e wei sette, triek er tsjin him op. Dy lykwols kaam ek fanwegen. Mei in sterke macht gong er him temjitte en fersloech him. 16Alexander naaide út nei Arabië ta, yn ’e hope dêr feilich te wêzen. En sa waard kening Ptoleméus de man. 17Doe sloech de Arabier Sabdiël kening Alexander de holle ôf en stjoerde dy nei Ptoleméus ta. 18Twa dagen letter lykwols stoar ek Ptoleméus. De soldaten dêr’t hy de festingen mei beset hâlde, waarden no rûnom troch it stedsfolk ombrocht. 19En sa waard Demétrius kening. Yn it jier 167.
Demétrius en Jonatan slute frede
20Yn dy dagen no rôp Jonatan it folk fan Judéa op mei it doel om de stins fan Jeruzalem te feroverjen. Hja hienen al hiel wat oarlochsark en sa opsteld, 21doe’t in stikmannich ôffallige Joaden, slimme fijannen fan it eigen folk, nei de kening tagongen en him fertelden dat Jonatan dwaande wie de stins te belegerjen.
22Doe’t de kening dat hearde, waard er gleon en sette opslach nei Ptolemaïs ta. Dêrwei stjoerde er Jonatan in brief: Hy moast mei it belegerjen ophâlde en sa gau as it mar koe, yn Ptolemaïs komme om oer ien en oar te praten. 23Doe’t Jonatan dy brief krige, joech er oarder om mei it belegerjen troch te gean. Mar hy socht út ’e âldsten fan Israel en út ’e prysters wol guon mannen út om mei. Sa sette er it libben derby op. 24Mei sulver en goud, mei kostbere klean en alderhande oare geskinken, en dat net in bytsje, reizge er nei de kening yn Ptolemaïs ta. En hy wist by him yn ’e geunst te kommen. 25Der wienen wol in mannich ôffallige Joaden, dy’t besochten him min te meitsjen, 26mar de kening behannele him sa’t syn foargongers dat dien hienen en die him yn it bywêzen fan al syn Freonen alle eare oan. 27Hy befestige him yn syn amt as hegepryster en yn al syn oare hege amten dy’t er earder krige hie. Ja, hy naam him sels op yn ’e rûnte fan dy Freonen, dy’t it heechst by him yn oansjen stienen. 28Jonatan stie der by de kening op oan om Judéa en de trije distrikten fan Samaria, frij te skatten fan belesting en sei him dêr trijehûndert talinten foar ta.
29Dat wie de kening goed. Hy skreau Jonatan oer al dy dingen in brief dy’t hjirop delkaam: 30Kening Demétrius oan syn broer Jonatan en oan it Joadske folk: De groetenis! 31In ôfskrift fan ’e brief dy’t wy oan ús famyljelid Lastenes skreaun hawwe, stjoere wy hjirby ek nei jimme ta. Dan witte jimme der ek fan.
32Kening Demétrius oan syn omke Lastenes: De groetenis! 33Om reden it Joadske folk ús tagedien is en syn ferplichtings oan ús neikomt, hawwe wy as tank dêrfoar, it beslút nommen om har goed te dwaan. 34Sa befestigje wy har yn it besit fan alles dat ûnder Judéa heart, en ek fan de trije distrikten Aferema, Lydda en Ramataïm, dy’t fan Samaria ôfnommen en yn har hiele hear en fear by Judéa dien binne. En allegearre dy’t yn Jeruzalem har offers bringe, skatte wy tenei frij fan it part fan ’e fjild- en beamfruchten, dat alle jierren weroan foar de kening opbrocht wurde moast. 35Dan skatte wy har fan hjoed ôf frij fan ’e tsienden en fan ’e oare lêsten dy’t ús plichten ta te kommen, fan dy op it winnen fan sâlt en fan it kroanjild. 36Dat allegearre giet hjoed yn. En net ien ding dêrfan sil oait wer ynlutsen wurde kinne. 37Soargje der no foar, dat hjir in ôfskrift fan komt en dat Jonatan dat kriget. Op ’e hillige berch, op in plak dat elk it sjen kin, moat dat oanslein wurde.
Jonatan helpt Demétrius II
38Doe’t kening Demétrius seach, dat it lân ta rêst kommen wie en dat der nearne gjin ferset mear tsjin him wie, joech er al syn legers dien en liet se nei hûs ta gean; behalven it frjemde folk dat er wûn hie op ’e eilannen fan ’e heidenfolken. Dat wie fan dy gefolgen, dat er spul krige mei de soldaten dy’t er fan syn heit en syn pake oerkrige hie. 39Tryfon, ien fan de mannen dy’t it yndertiid mei Alexander hâlden hienen, waard gewaar, dat it by de troepen fan Demétrius ien stik ûntefredenens wie. Dat hy sette nei de Arabier Imalkûe, deselde dêr’t Antíochus, Alexander syn jonkje, by grutbrocht waard, 40en hy stie der tige by him op oan, dat er him de jonge jaan soe. Dan soe hy derfoar soargje, dat dy skielk kening waard as opfolger fan syn heit. Hy fertelde Imalkûe ek, wat Demétrius allegearre be-oardere hie en fan it spul mei syn troepen dat dêrút fuortkommen wie. Hy bleau dêr noch al gâns in skoft.
41Wilens stjoerde Jonatan in boade nei kening Demétrius mei it fersyk om de besetting fan ’e stins te Jeruzalem en dy fan de oare festingen, werom te roppen, mei’t se it oan ien tried wei op Israel begrepen hienen. 42Hy krige fan Demétrius dit antwurd: Ik sil net allinnich dwaan wat jo my freegje om sa jo en jo folk tewille te wêzen, mar boppedat, sa gau’t ik der de kâns foar krij, sil ik jo en jo folk op ’en heechsten earje. 43Op dit stuit sille jo my in grutte deugd dwaan, as jo my mannen stjoere om my yn ’e oarloch te helpen, want myn eigen legers sette it allegearre yn ’e kant.
44Doe stjoerde Jonatan 3000 fikse soldaten nei Antiochië ta. Se kamen by de kening oan en dy fielde him no alhiel ferromme. 45Yn ’e stêd waard it no ien en al reboelje. Sawat in 120.000 man, alhiel op ien ein, setten nei it sintrum. Want de kening, dy soe deroan! 46Dy socht syn taflecht yn it paleis. It stedsfolk sette no de strjitten ôf en de oanfal begûn. 47De kening rôp de Joaden om help. Dy kloften om him hinne, setten doe de stêd yn en sloegen dêr dy deis sa’n 100.000 man dea. 48Dyselde deis noch stieken se de stêd yn ’e brân en plonderen him út. Sa waard de kening mei troch har behâlden.
49Doe’t it folk seach, dat de Joaden de stêd alhielendal yn ’e macht hienen, wie de moed der foargoed út en se smeken de kening: 50Wês wer goed op ús en lit de Joaden ophâlde mei tsjin ús en ús stêd te fjochtsjen. 51Se smieten de wapens derhinne en it waard frede. En de Joaden, no yn hege eare by de kening en by it hiele folk, gongen werom nei Jeruzalem, oerladen mei bút. 52Mar doe’t kening Demétrius wer goed en wol op ’e troan siet en it wer frede wie, rûnom yn it lân, 53hâlde hy him net oan de dingen dy’t er tasein hie. Hy woe neat mear fan Jonatan witte en ynstee fan him te leanjen foar alles dat dy foar him dien hie, siet er him oan alle kanten dwers.
Jonatan jout him by Antíochus VI
54Nei alles dat der foarfallen wie, kaam Tryfon werom, mei Antíochus – doe noch sa’n foege jonge – by him. Hy makke him kening en sette him de kroan op. 55Alle troepen, dy troch Demétrius sa sneu behannele wienen, rûnen nei him oer en fochten no tsjin Demétrius. Dy waard finaal ferslein en seach dat er fuortkaam. 56Tryfon krige no de oaljefanten en naam Antiochië yn. 57Doe skreau de jonge Antíochus dizze brief oan Jonatan: Ik befestigje jo as hegepryster. De fjouwer distrikten bliuwe ûnder jo. En ik stel jo oan as ien fan de Freonen fan ’e kening. 58En hy stjoerde him in gouden servys en joech him it foech om út in gouden beker te drinken, yn poarper te rinnen en de Gouden Gasp te dragen. 59Simon, Jonatan syn broer, beneamde er as oanfierder. Dy krige it kommando oer dat hiele gebiet, fan de Trep fan Tyrus ôf oan ’e grins mei Egypte ta.
60Doe sette Jonatan ôf, krúste alle kontreien bewesten de Eufraat troch en die dêr ûnderweis de stêden oan. It hiele Syryske leger krige er op ’e hân. Se woenen him yn ’e oarloch allegearre wol helpe. Doe’t er yn Asjkelon kaam, waard er troch de lju dêr mei staasje ûntfongen. 61Dêrwei triek er nei Gaza. Mar de mannen fan Gaza hâlden de poarten ticht. Dat hy belegere de stêd, lei de omkriten yn fjoer en plondere dy út. 62Doe woenen de mannen fan Gaza wol yn goedens. Jonatan gong in ferdrach mei har oan. De soannen fan ’e foaroanmannen fan ’e stêd hâlde er as gizelders fêst en stjoerde se nei Jeruzalem ta. Hy sels triek fierder it lân troch, wol oan Damaskus ta. 63Doe’t Jonatan hearde, dat de generaals fan Demétrius mei in grut leger nei Kedes yn Galiléa gien wienen, mei it doel syn plannen mislearje te litten, 64sette er op harren ta, wylst er syn broer Simon yn Judéa bliuwe liet. 65Simon belegere no Bet-Sûr. De iene raam nei de oare die er der op, dagen oanien. Op ’t lêst sleat er it oan alle kanten yn. 66Doe fregen de ynwenners him om de betingsten fan frede. Hy sei se. De stêd moasten se lykwols út. Simon mei syn leger triek deryn en Bet-Sûr krige in besetting. 67Jonatan en syn mannen hienen har kamp by de mar fan Gennésaret. De moarns ier-en-betiid wienen se nei de delling fan Azor ta set. 68Dêr kaam it leger fan ’e heidenen op harren oan. Dy hienen temûk in fikse ôfdieling de bergen ynstjoerd. Dy moast him dêr beskûl hâlde, achter Jonatan.
Wylst it leger fan Demétrius rjocht op Jonatan tasette, 69kamen de mannen dy’t beskûl leinen, ûnferwachts foar it ljocht en begûnen ek mei. 70Jonatan syn mannen lieten it no allegearre sitte. Der wie gjinien mear dy’t hoekhâlde. Behalven dan Mattatias, de soan fan Absalom, en Judas, de soan fan Chalfy, allebeide generaal. 71Doe skuorde Jonatan syn klean stikken, die ierde op ’e holle en die in gebed. 72Doe die er in nije oanfal en hy sloech der sa op, dat de fijân joech belies en naaide út. 73Syn soldaten, dy’t it sitte litten hienen, seagen dat. Doe kamen se werom, wer nei Jonatan ta en mei him setten se de fijân achternei. Wol oan Kedes, dêr’t se har kamp hienen, ta. Dêr sloegen se har kamp no wer op. 74Dy deis sneuvelen fan ’e heidenen sa’n 3000 man. En Jonatan gong werom nei Jeruzalem.