1 Keningen 4
Salomo as bestjoerder fan it ryk
1Sa wie kening Salomo kening oer hiele Israel. 2Dit wienen syn hege amtners: Azarja, de soan fan Sadok, wie de pryster. 3Elichoaref en Achía, soannen fan Siza, wienen griffier. Josjafat, de soan fan Achilûd, wie kânselier. 4Benaja, de soan fan Jojada, stie oer it leger. Sadok en Abjatar wienen pryster. 5Azarja, de soan fan Natan, wie haad fan ’e steedhâlders. Sabûd, de soan fan pryster Natan, wie freon fan ’e kening. 6Achisjar gong oer it paleis en Adoniram, de soan fan Abda, oer de hearetsjinsten.
7Salomo hie ek noch tolve steedhâlders oer hiele Israel. Dy moasten de kening en syn hûs ûnderhâlde; elke moanne fan it jier hie ien fan har de fersoarging. 8Har nammen wienen: Ben-Chûr yn it berchlân fan Efraïm. 9Ben-Dêker yn Makas, Sjaälbim, Betsjêmesj, Ajalon en Bet-Chanan. 10Ben-Chêsed yn Arûbot hie Soko en it hiele lân Chefer. 11Ben-Abinadab yn ’e hiele kontrei fan Dor. Tafat, de dochter fan Salomo, wie syn frou. 12Baäna, Ben-Achilûd, hie Taänak en Megiddo en hiele Betsjeän njonken Saretan ûnder Jizreël, fan Betsjeän oant Abelmehola, Jokmeän foarby. 13Ben-Gêber yn Ramot-Gileäd; hy hie de tintekampen fan Jaïr, de soan fan Manasse, dy’t yn Gileäd lizze; hy hie ek de streek Argob yn Bazan, sechstich grutte wenplakken mei muorren en slútbalken. 14Achinadab, soan fan Iddo, yn Mahanaïm. 15Achimaäs yn Naftaly. Dy hie ek in dochter fan Salomo, Basemat, as frou. 16Baänna, soan fan Chasai, yn Azer en Alot. 17Josafat, soan fan Parua, yn Issaskar. 18Simeï, soan fan Ela, yn Benjamin. 19Gêber, soan fan Oery, yn it lân Gad; dat is it lân fan Sjichon, kening fan ’e Amoriten en Og, kening fan Bazan. En dan noch ien steedhâlder yn it lân fan Juda. 20Israel wie sa machtich as it sân by de see. De minsken ieten en dronken en hienen alle wille.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap