Salomo bidt om wysheid
1Salomo troude yn ’e famylje fan ’e Farao, de kening fan Egypte. Hy helle de dochter fan ’e Farao en brocht har yn ’e Davidsstêd oant er klear wêze soe mei it bouwen fan syn eigen hûs, it hûs fan de Heare en de muorre fan Jeruzalem. 2It folk offere doe noch altyd op ’e offerhichten, om’t der oan dy tiid ta gjin hûs foar de namme fan de Heare boud wie. 3Salomo hâlde wol safolle fan de Heare, dat er de foarskriften fan syn heit David yn acht naam, mar hy brocht de offers noch altyd op ’e offerhichten.
4Sa gong de kening ris nei Gibeön te offerjen, want dat wie de grutste offerhichte. Tûzen offers hat er op it alter ferbaarnd. 5Dy nachts is de Heare yn Gibeön doe oan Salomo yn in dream ferskynd; God sei: Freegje mar, wat moat Ik dy jaan? 6Salomo sei: Jo hawwe foar ús heit David, jo tsjinner, tige goedgeunstich west, lykas hy fan syn kant mei Jo omgong, trou, earlik en oprjocht fan hert. En jo hawwe dizze grutte geunst ek noch befêstige, troch him in soan te jaan, dy’t op syn troan sit, sa’t dat no it gefal is. 7No hawwe Jo, Heare, myn God, jo tsjinner sels kening makke yn it plak fan ús heit David, mar ik bin noch sa’n jonge man, dy’t net ienris wit, hoe’t er him hâlde en drage moat. 8En sa stiet jo tsjinner yn it fermidden fan jo folk, dat Jo útkeazen hawwe, in machtich folk, dat net te tellen of te skatten is fanwegen de mannichte. 9Jou dan jo tsjinner in opmerksum hert, dat er jo folk rjochtsje kin en ûnderskiede tusken goed en kwea. Want wa kin dit machtige folk fan Jo rjochtsje?
10De Heare achte it goed, dat Salomo dizze saak begeard hie. 11God sei tsjin him: Omdatsto hjirom frege hast en net om in lang libben foar dysels en rykdom en it libben fan dyn fijannen, mar omdatsto frege hast om it fermogen om rjochtsaken te hearren, 12dêrom jou Ik dy no dyn begearte; Ik jou dy in wiis en ferstannich hert, dat dyn gelikens der foar dy net west hat en nei dy net opstean sil. 13En wêrsto net om frege hast, dat sil Ik dy ek noch jaan: sa’n rykdom en oansjen, dat al dyn libbensdagen dyn gelikens ûnder ’e keningen net te finen wêze sil. 14En asto op myn wegen giest troch acht te jaan op myn foarskriften en geboaden lykas jim heit David dien hat, dan sil Ik dy ek it tal fan dyn dagen fermearderje. 15Doe waard Salomo wekker en sjoch, it hie in dream west. Dêrnei gong er nei Jeruzalem en stelde him op foar de bûnsarke fan ’e Hear. Hy brocht brânoffers en droech frede-offers op en sette al syn tsjinners in gastmiel foar.
Salomo as wize rjochter
16Der kamen ris in pear huorren by de kening en doe’t se foar him stienen, 17sei de iene frou: As ik sa frij wêze mei, dizze frou en ik wenje yn itselde hûs en ik haw by har yn ’e hûs in bern krigen. 18Trije dagen nei myn befalling krige dizze frou ek in bern. Wy wienen mei syn beiden. Der wie gjin frjemd by ús oer de flier, oars net as wy tegearre. 19No is it bern fan dizze frou op in nacht stoarn, om’t hja op him lein hie. 20Midden yn ’e nacht gong se derôf, krige myn bern by my wei, wylst jo tsjinstfaam sliepte en naam it yn har earmen, nei’t se my har deade bern yn ’e earmen lein hie. 21Doe’t ik yn ’e moarntiid derôf gong om myn bern it boarst te jaan, sjoch, doe wie it dea. Mar doe’t ik it de moarns goed beseach, wel, doe wie it hielendal it bern net, dat ik sels krigen hie. 22De oare frou sei lykwols: Dat is net wier! It deade bern is dines en it libbene is fan my. Sa stienen se foar de kening te tsieren.
23Doe sei de kening: De iene seit: Dit bern fan my is it libbene en dines is dea. De oare seit: Net wier! It deade is dines en it libbene is fan my. 24Dêrom sei de kening: Helje in swurd. En se brochten de kening in swurd. 25Doe sei de kening: Snij it libbene bern yn twaën en jou de iene de iene heite en de oare de oare heite. 26Doe sei de frou, dêr’t it libbene bern fan wie tsjin de kening – want har memmehert begûn te sprekken –: Jou har dochs it libbene berntsje, myn hear, en meitsje it yn gjin gefal dea. De oare sei: Lit it mines noch dines wêze: snij it mar troch! 27Doe die de kening útspraak en sei: Jou har it libbene berntsje en meitsje it yn gjin gefal dea; dat is de mem.
28Doe’t hiele Israel de útspraak fan ’e kening hearde, krigen se ûntsach foar de kening, om’t se seagen dat der godlike wysheid yn him wie om rjocht te dwaan.