Oarloch om Ramot
1Hja hienen trije jier stil sitten sûnder dat der oarloch wie tusken Aram en Israel. 2Mar it tredde jier kaam kening Josjafat fan Juda by de kening fan Israel. 3De kening fan Israel hie al faker tsjin syn tsjinners sein: Witte jim noch wol dat Ramot yn Gileäd fan ús is? En wy litte it mar sloere en nimme it net werom út ’e macht fan ’e kening fan Aram. 4Dat hy sei tsjin Josjafat: Wolle jo mei my de striid oangean tsjin Ramot yn Gileäd? Josjafat sei tsjin ’e kening fan Israel: Jo kinne op my rekkenje, jo folk op mines, en jo hynders op mines.
5Mar Josjafat sei ek tsjin ’e kening fan Israel: Freegje earst de Heare om in útspraak. 6Doe rôp de kening fan Israel de profeten byinoar, sa’n fjouwerhûndert man. Hy frege harren: Sil ik de striid oangean tsjin Ramot yn Gileäd of sil ik it litte? Se seinen: Gean, want de Heare sil it de kening yn hannen jaan.
7Josjafat sei wer: Is hjir gjin oare profeet fan de Heare dy’t wy freegje kinne? 8De kening fan Israel sei tsjin Josjafat: Der is noch ien man, troch wa’t wy de Heare om in útspraak freegje kinne, mar ik mei dy man net sjen, om’t er my neat gjin goeds, mar allinnich ûnheil profetearret. It is Micha, de soan fan Jimla. Josjafat sei: Soks moat de kening net sizze! 9Doe rôp de kening fan Israel ien fan ’e hofhâlding en sei: Helje fuortdaliks Micha, de soan fan Jimla. 10De kening fan Israel en kening Josjafat fan Juda, sieten dêr elk op in troan yn staasjeklean op ’e terskflier by de poarte-yngong fan Samaria, en alle profeten stienen foar har te profetearjen. 11Sidkia, de soan fan Kenaäna, hie him izeren hoarnen makke. Hy sei: Dit hat de Heare te sizzen: Hjir sille jo de Arameeërs mei stjitte, oant jo de Arameeërs ferdylge hawwe. 12Sa profetearren alle profeten en seinen: Gean derop los nei Ramot yn Gileäd en win it. De Heare sil it de kening yn hannen jaan. 13De boade, dy’t derop útgien wie om Micha te roppen, sei tsjin him: De profeten hawwe as ien man in geunstige útspraak foar de kening dien. Tink derom en lit jo wurd no wêze lykas dat fan ien fan harren en sis wat geunstichs. 14Mar Micha sei: Sa wier as de Heare libbet, ik sil oars net sizze as wat de Heare my seit.
15Doe’t er by de kening kommen wie, frege dy him: Micha, sille wy de striid oangean mei Ramot yn Gileäd, of sille wy derfan ôfsjen? Hy sei: Gean derop ôf en win it, de Heare sil it de kening yn hannen jaan. 16Mar de kening sei tsjin him: Hoe faak moat ik jo beswarre dat jo my oars net sizze sille as de wierheid út namme fan de Heare. 17Doe sei er:
Ik seach hiele Israel, op ’e bergen fersille
as skiep dy’t gjin hoeder hawwe.
En de Heare sei: Se hawwe gjin lieder mear,
lit in elk yn frede wer nei hûs ta gean.
18Doe sei de kening fan Israel tsjin Josjafat: Hie ik it jo net sein? Hy profetearret noait wat goeds as it om my giet, mar inkeld ûnheil.
19Mar Micha gong troch en sei: Dêrom hear nei wat de Heare seit: Ik seach de Heare op syn troan sitten en de hiele himelske legermacht stie om Him hinne, oan syn linker- en rjochterhân. 20Doe sei de Heare: Wa sil Achab derta ferliede dat er op it oarlochspaad giet en by Ramot yn Gileäd falt? De iene sei dit en de oare dat. 21Doe kaam der in geast nei foaren en gong foar it antlit fan de Heare stean; hy sei: Ik sil him ferliede. De Heare frege: Hoe? 22Hy sei: Ik sil hinnegean en wurd in leagengeast yn ’e mûle fan al syn profeten. En de Heare sei: Do silst him ferliede, ja, do silst it klearspylje. Gean hinne en doch sa. 23Sjoch no, hoe’t de Heare in leagengeast set hat yn ’e mûle fan al dizze profeten fan jo, omdat de Heare jo ûnheil tatocht hat.
24Doe kaam Sidkía, de soan fan Kenaäna, op Micha ta, sloech him foar de mûle en sei: Hoe soe de Geast fan de Heare by my weigien wêze om dij oan te sprekken? 25Micha antwurde: Sjoch, dat silst gewaar wurde de deis datsto keamer-út, keamer-yn fljochst om wei te krûpen.
26Mar de kening fan Israel sei: Pak Micha op en bring him werom nei de stedskommandant Amon en nei prins Joäsj, 27en sis dat de kening sein hat: Set dizze kearel yn it tichthús en jou him krap wetter en brea oant ik behâlden werom kom. 28Doe sei Micha: Weromkomme? As jo behâlden weromkomme, dan hat it net de Heare west, dy’t troch myn mûle sprutsen hat. [Hy hat sein: Harkje, folken allegearre!]
De dea fan Achab
29Sa gongen kening Achab fan Israel en kening Josjafat fan Juda, op Ramot yn Gileäd ôf. 30Doe sei de kening fan Israel tsjin Josjafat: Ik doch oare klean oan en gean sa de striid yn, mar hâlde jo jo staasjeklean mar oan. Doe die de kening fan Israel oare klean oan en sa gongen se de striid yn. 31No hie de kening fan Aram syn weinkommandanten, dêr’t er twaëntritich fan hie, oarder jûn: Jimme moatte net de earste de bêste oanfalle, mar allinnich de kening fan Israel. 32Sadree’t de weinkommandanten Josjafat seagen, tochten se: Dat is de kening fan Israel! Se draaiden op him ta om him oan te fallen, mar Josjafat raasde it út. 33Doe’t de weinkommandanten dêrtroch murken, dat it de kening fan Israel net wêze koe, draaiden se wer by him wei.
34Underwilens spande in man samar op goed gelok de bôge en rekke de kening fan Israel tusken de ferbiningsstikken en it pânser. Doe sei Achab tsjin syn menner: Swaai om en bring my bûten de striid, want ik haw in swiere wûne. 35Dochs waard it noch in swiere striid dy deis. De kening hâlde him yn syn wein oerein foar de Arameeërs oer, mar de jûns ferstoar er, wylst it bloed út syn iepen wûne yn ’e bak fan ’e wein rûn. 36En doe’t de sinne ûnder wie, gong der in lûde rop troch it leger: Elk nei syn stêd en elk nei syn lân: de kening is dea! 37Doe kamen se te Samaria en begroeven se de kening yn Samaria. 38En doe’t se de wein skjinspielden by de fiver fan Samaria, slikken de hûnen syn bloed, wylst de huorren har dêr wosken. Sa hie de Heare it ommers sein.
39It fierdere fan ’e skiednis fan Achab, al wat er dien hat, it ivoaren hûs dat er boud hat en de stêden dy’t er fersterke, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 40Achab is rêst mei syn foarfaars en syn soan Achazja folge him op.
Josjafat fan Juda en Achazja fan Israel
41Josjafat, de soan fan Asa, wie kening oer Juda wurden yn it fjirde jier fan kening Achab fan Israel. 42Josjafat wie fiifentritich jier, doe’t er oan it regear kaam. Fiifentweintich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Azûba; hja wie in dochter fan Silchy. 43Hy gong alhiel de wei fan syn heit Asa. Hy wykte dêr net fan ôf en die sa’t de Heare it hawwe woe. 44Allinnich de offerhichten waarden net sljochte; noch altyd wie it folk op dy hichten oan it offerjen en baarnen. 45En Josjafat hâlde frede mei de kening fan Israel.
46It fierdere fan ’e skiednis fan Josjafat, de dappere dieden dy’t er die en de oarloggen dy’t er fierde, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 47Wa’t noch oer wienen fan ’e oan ûntucht wijden, ek nei de tiid fan syn heit Asa, hat er it lân útreage. 48Yn Edom wie gjin (echte) kening: in steedhâlder naam it keningskip waar. 49Josjafat hie ek Tarsjisjskippen boud om goud út Ofir te heljen, mar se binne der net kommen, omdat de skippen ferûngelokken by Esjon-Gêber. 50Doe sei Achazja, de soan fan Achab, tsjin Josjafat: Myn tsjinners koenen bêst mei jo tsjinners op ’e skippen gean. Mar Josjafat fielde der neat foar.
51Josjafat is rêst mei syn foarfaars en waard by syn foarfaars begroeven yn ’e stêd fan syn heit David; syn soan Joaram folge him op.
52Achazja, de soan fan Achab, wie kening wurden oer Israel te Samaria, yn it santjinde jier fan kening Josjafat fan Juda. Hy hat twa jier oer Israel regearre. 53Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy gong de wei fan syn heit en mem en fan Jerobeäm, de soan fan Nebat, dy’t Israel ta sûnde brocht. 54Hy tsjinne de Baäl en gong foar him op ’e knibbels. Hy terge de Heare, de God fan Israel, krekt sa’t syn heit dien hie.