Lêste wurden en dea fan David
1Doe’t de tiid dat David stjerre soe tichterby kaam, joech er syn soan Salomo bestel en sei: 2Ik gean no de wei fan ’e hiele wrâld. Wês dan sterk en wurd in man. 3Doch trou dyn plicht foar de Heare dyn God oer, gean op syn wegen, be-achtsje syn foarskriften, syn geboaden, syn moanningen en syn rjochtsregels, lykas beskreaun stiet yn ’e wet fan Mozes, dat it dy goed gean mei yn alles datsto dochste en yn alles datsto ûndernimst; 4dat de Heare sa syn wurd wier meitsje mei, dat Er oer my sprutsen hat: As dyn soannen op har wegen acht jouwe, dat se My trou bliuwe mei har hiele hert en har hiele siel, dan silsto altyd in man hawwe op ’e troan fan Israel.
5Fierder witsto sels, wat Joäb de soan fan Serûja my oandien hat; wat er dien hat mei de beide legerkommandanten fan Israel, Abner, de soan fan Ner, en Amasa, de soan fan Jêter. Hoe’t er se fermoarde hat en yn tiid fan frede oarlochsbloed fergetten hat, ja mei oarlochsbloed de gurle om syn heupen en de sandalen oan syn fuotten besmodze hat. 6Wês sa ferstannich en lit dat grize hier fan him net yn frede nei it deaderyk gean.
7Mar de soannen fan Barzillai út Gileäd, dy moatst begeunstigje: Se moatte by dy oan ’e tafel ite, want se binne my ek sa temjitte kommen, doe’t ik de wyk nimme moast foar dyn broer Absalom. 8En dan hasto Sjimy by dy, de soan fan Geara, dy Benjaminyt út Bachûrim. Hy hat my skriklik ferflokt, doe’t ik nei Mahanaïm gong. Doe’t er my moete by de Jordaan, haw ik him by de Heare sward, dat ik him net mei it swurd deadzje soe. 9Mar no moatsto him net sûnder straf litte, want do bist in wiis man. Do witst wol, watsto him dwaan moatst. Lit dat grize hier fan him wiet fan bloed nei it deaderyk gean.
10Doe is David rêst mei syn foarfaars en begroeven yn ’e Davidsstêd. 11De tiid dat David oer Israel regearre hat, wie fjirtich jier; sân jier hat er regearre te Hebron en trijentritich jier te Jeruzalem. 12Salomo wie op ’e troan fan syn heit David sitten gien en syn keningskip stie tige fêst.
It lot fan Adonia
13Adonia, de soan fan Chaggit, makke syn opwachting by Batsjêba, de mem fan Salomo. Hja sei: Betsjut dyn komst wat goeds? Hy sei: Ja. 14Fierder sei er: Ik haw wat mei jo te bepraten. En hja sei: Sis it mar. 15Doe sei er: Jo witte sels wol, dat it keningskip my takaam en dat hiele Israel ferwachte, dat ik kening wurde soe. Mar it is mei it keningskip oars gien, it is oan myn broer jûn, want it is him fan de Heare taskikt. 16Mar no haw ik ien fersyk oan jo; stegerje my net ôf. Hja sei tsjin him: Sis it mar. 17En hy sei: Freegje kening Salomo – hy sil jo ommers net ôfstegerje – dat er my Abisjach fan Sjûnem as frou jout. 18Batsjêba sei: Goed, ik sil foar dy mei de kening prate.
19Sa gong Batsjêba dan nei kening Salomo om by him in goed wurd foar Adonia te dwaan. De kening kaam oerein, gong har yn ’e mjitte en makke in bûging foar har. Doe gong er wer op ’e troan sitten, liet foar de mem fan ’e kening in troanstoel delsette en hja kaam oan syn rjochterhân te sitten. 20Hja sei: Ik haw jo in lyts fersyk te dwaan, stegerje my net ôf. De kening sei tsjin har: Doch jo fersyk mar, mem, want ik stegerje jo net ôf. 21Hja sei: Lit Abisjach fan Sjûnem dochs as frou jûn wurde oan dyn broer Adonia.
22Kening Salomo antwurde syn mem: Wêrom freegje jo Abisjach fan Sjûnem dochs foar Adonia? Freegje dan ek it keningskip mar foar him. Hy is ommers myn âldere broer en pryster Abjatar en Joäb, de soan fan Serûja, steane oan syn kant.
23Doe swarde kening Salomo by de Heare mei dizze wurden: God mei my wit-wat dwaan en noch helte mear, as dizze saak Adonia it libben net komt te kostjen! 24Sa wier as de Heare libbet, dy’t my fêst op ’e troan fan myn heit David set hat en my in hûs beskikt lykas Er tasein hie, Adonia sil hjoed noch stjerre. 25En kening Salomo joech Benaja, de soan fan Jojada, opdracht; dy foel op him oan, dat er it bestoar.
Abjatar ôfset
26Tsjin pryster Abjatar sei de kening: Jo moatte nei jo lânbesit te Anatot gean, want jo hawwe wol de dea fertsjinne, mar hjoed-de-dei sil ik jo net deadzje. Jo hawwe ommers de arke fan de Heare foar myn heit droegen en alle leed mei trochmakke, dat ús heit útstean moast. 27Sa sette Salomo Abjatar ôf as pryster fan de Heare en fierde sa it wurd fan de Heare út, dat Er sprutsen hie oer it hûs fan Ely te Sjilo.
Rjochtdei oer Joäb
28Doe’t Joäb derfan hearde, flechte er nei de tinte fan de Heare en krige de hoarnen fan it alter beet, want hy hie it mei Adonia hâlden, hoewol’t er it destiids net mei Absalom hâlden hie. 29It waard kening Salomo trochdien, dat Joäb nei de tinte fan de Heare flechte wie en njonken it alter stie. Salomo stjoerde Benaja, de soan fan Jojada, mei de opdracht: Gean hinne en deadzje him. 30Doe gong Benaja yn ’e tinte fan de Heare en sei tsjin Joäb: De kening hat sein: Kom derút! Mar hy sei: Nee, ik wol hjir stjerre. Benaja brocht berjocht werom nei de kening: Sa en sa hat Joäb sprutsen en my beskie jûn. 31Doe sei de kening tsjin him: Doch dan no mar wat er sein hat, deadzje him en begraaf him. Nim sa it ûnskuldich bloed wei, dat Joäb fergetten hat, fan my en fan ús heite hûs. 32Sa sil de Heare it bloed op syn holle delkomme litte, om’t er twa mannen fermoarde hat, dy’t rjochtskepener en better wienen as hy. En hy hat se mei it swurd deamakke sûnder dat ús heit David it wist. It wienen Abner, de soan fan Ner, de legerkommandant fan Israel, en Amasa, de soan fan Jêter, de legerkommandant fan Juda. 33Sa sil dan har bloed foar altyd op ’e holle fan Joäb en syn neiteam delkomme, mar it heil sil foar altyd wêze foar David en syn neiteam, foar syn hûs en syn troan.
34Doe gong Benaja, de soan fan Jojada, derop ôf, foel him oan en deade him. Hy waard begroeven yn syn hûs yn ’e wyldernis. 35De kening stelde Benaja, de soan fan Jojada, yn syn plak oer it leger en pryster Sadok stelde er yn it plak fan Abjatar.
Rjochtdei oer Sjimy
36De kening liet Sjimy ek roppe en sei tsjin him: Jo moatte yn Jeruzalem in hûs bouwe en jo dêr nei wenjen sette. Gean de stêd net út, nearne net hinne. 37Jo moatte goed witte, dat jo sûnder mis stjerre sille, deselde deis dat jo fuortgeane en de Kidron oerstekke. It sil dan jo eigen skuld wêze. 38Sjimy sei tsjin ’e kening: It is my goed. Jo tsjinner sil dwaan, sa’t mynhear de kening seit. Sa wenne Sjimy in hiel skoft yn Jeruzalem.
39Mar nei ferrin fan trije jier naaiden twa fan Sjimy syn slaven út en gongen nei Akisj, de soan fan Maäka, kening fan Gat. Hja dienen Sjimy berjocht: Sjoch, jo slaven binne te Gat. 40Doe makke Sjimy him klear, seale syn ezel en teach nei Akisj te Gat om syn slaven te sykjen. En hy teach ek werom om syn slaven út Gat wei wer thús te bringen. 41Mar oan Salomo waard berjocht dien, dat Sjimy nei Gat west hie en wer thús kommen wie. 42De kening liet Sjimy roppe en sei tsjin him: Hie ik jo net by de Heare swarre litten en jo warskôge mei de wurden: Sadree’t jo de stêd útgeane, it kin neat skele wêrhinne, sille jo sûnder mis stjerre; dat moatte jo goed witte? Hienen jo der net op sein: It is my goed, ik haw it heard? 43Wêrom hawwe jo jo dan net oan ’e eed oan de Heare hâlden en de oanwizing, dy’t ik jo jûn hie? 44De kening sei fierder tsjin Sjimy: Jo witte mar al te skoan fan it kwea, dat jo myn heit David oandien hawwe. De Heare sil no jo kwea op jo eigen holle delkomme litte, 45mar mei Er my, kening Salomo, segenje en mei de troan fan David foar altyd fêst stean foar it antlit fan de Heare. 46En de kening joech Benaja, de soan fan Jojada, opdracht. Dy gong derop ôf en foel op him oan, dat er it bestoar. Sa krige Salomo it keninkryk fêst yn hannen.