Salomo bûcht foar frjemde goaden
1Kening Salomo hie it wakker op mei frjemde froulju, bûten de dochter fan Farao noch hiel wat oare. It wienen Moäbityske, Ammonityske, Edomityske, Sidoanyske en Hetityske 2froulju fan ’e folken, dêr’t de Heare fan sein hie tsjin ’e Israeliten: Jimme moatte jim der net mei ôfjaan en sy moatte har net mei jim ôfjaan. Hja soenen jimme hert grif meinimme achter har goaden oan. Mei sokken lei Salomo it oan yn ’e leafde. 3Hy hie sânhûndert froulju fan heech komôf en trijehûndert bywiven, en syn froulju brochten syn hert yn it ferlied.
4Doe’t Salomo âld wurden wie, namen syn froulju syn hert mei achter frjemde goaden oan, dat hy hâlde it net sa mei hert en siel folslein mei de Heare, syn God, sa’t syn heit dien hie, David. 5Salomo rûn de Astarte nei, de goadinne fan ’e Sidoaniërs, en Milkom, de groulike god fan ’e Ammoniten. 6Sa die Salomo wat de Heare ferkeard achte en hy bleau net achter de Heare lykas syn heit David.
7Doedestiids boude Salomo in offerhichte foar Kamosj, de groulike god fan Moäb en foar Milkom, de groulike god fan Ammon, op ’e berch oan ’e eastkant fan Jeruzalem. 8Itselde die er foar al syn frjemde froulju, dy’t har goaden reekoffers en fleisoffers brochten.
9Dêrom wie de Heare fergrime op Salomo, omdat er syn hert meinimme litten hie achter de Heare, syn God, wei, dy’t him twaris ferskynd wie 10en him hjitten hie gjin oare goaden nei te rinnen. Mar hy hie net yn acht nommen, wat de Heare hjitten hie. 11De Heare sei tsjin Salomo: Om’t it der sa mei dy foarstiet en do myn ferbûn en de foarskriften, dy’t Ik dy hjitten hie, net yn acht nommen hast, sil Ik dij it keningskip grif ûntskuorre en it dyn tsjinner jaan. 12By dyn libben lykwols sil Ik dat noch net dwaan om jimme heit David, mar dyn soan sil Ik it út ’e hannen skuorre. 13Dochs sil Ik it hiele keningskip net losskuorre, mar dyn soan ien stamme jaan om myn tsjinner David en om Jeruzalem, dat Ik foar kar nommen haw.
Ferset tsjin Salomo
14De Heare liet in bestrider tsjin Salomo opkomme, Hadad de Edomyt; hy wie fan keninklik komôf yn Edom. 15David hie ommers oer Edom gear west, doe’t Joäb as legerkommandant opteach om de fallenen te begraven en alle manlju yn Edom deade. 16Seis moanne lang hâlden Joäb en hiele Israel dêr ta, oant alle manlju yn Edom útroege wienen. 17Dy Hadad lykwols wie flechte en wat Edomityske mannen mei him út ’e rige fan hovelingen en se kamen yn Egypte telâne. Hadad wie doe noch in jongkeardel. 18Hja wienen út Midjan wei tein, kamen yn Paran, namen ek út Paran in stik of wat mannen mei en kamen yn Egypte by Farao, de kening fan Egypte. Dy joech him rak en dak en joech him in stik lân. 19Ja, Hadad foel der sa goed by Farao yn, dat dy him de suster fan syn eigen frou, de suster fan Tachpenes, as frou joech. 20By dy suster fan Tachpenes krige er syn soan Genûbat en Tachpenes brocht him grut yn it hûs fan Farao. Sa bleau Genûbat yn it hûs fan Farao en waard rekkene by Farao’s soannen. 21Doe’t Hadad yn Egypte hearde, dat David mei syn foarfaars rêst wie en dat legerkommandant Joäb dea wie, sei Hadad tsjin Farao: Lit my wer nei myn lân ta gean. 22Farao sei tsjin him: Wat komsto by my te koart, datsto no ynienen nei dyn lân ta wolst? Hy sei: Neat, mar jo moatte my al gean litte.
23God liet ek in bestrider tsjin him opkomme yn Rezon, de soan fan Eljada, dy’t by syn hear Hadadêzer, de kening fan Soba, weiflechte wie. 24Hy brocht mannen om him gear en waard bindelieder en doe’t David har deameitsje woe, setten se nei Damaskus, wennen dêr en makken Rezon kening van Damaskus. 25Hy wie in bestrider fan Israel salang as Salomo libbe; hy brocht ûnheil oer him, mear noch as dat Hadad him al oandien hie. Hy hie it grou op Israel yn en is kening oer Aram wurden.
Jerobeäm, de grutte tsjinstanner
26Jerobeäm, de soan fan Nebat, in Efraïmyt út Sereda – syn mem wie widdo en hiet Jerûa – hie in tsjinner fan Salomo sels west, mar hy sette it ek tsjin ’e kening yn ’e kant. 27No wie dit de reden, dat er it tsjin ’e kening yn ’e kant sette: Salomo boude noch oan ’e Millo en woe sa de iepening yn ’e muorre fan ’e stêd fan syn heit David ticht meitsje. 28Dy man Jerobeäm wie in goede krêft en doe’t Salomo seach dat de jonge man in fikse wurker wie, stelde er him oan oer de hiele lichting fan ’e stammen fan Joazef.
29Doe’t Jerobeäm yn dy tiid de stêd ris út wie, kaam profeet Achía fan Sjilo him ûnderweis temjitte. Dy hie in nije mantel oan en hja wienen mar tegearre yn it fjild. 30Achía krige de nije mantel, dy’t er oan hie, en skuorde him yn tolve stikken. 31Hy sei tsjin Jerobeäm: Nim jo dêr tsien stikken fan, want dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Ik bin fan doel om Salomo it keningskip te ûntskuorren en dij tsien stammen te jaan. 32Ien stam mei er hâlde om David, myn tsjinner, en om Jeruzalem, de stêd dy’t Ik út alle stammen fan Israel foar kar nommen haw. Dat sil barre, 33omdat se My ferlitten hawwe en bûgd hawwe foar Astarte, de goadinne fan ’e Sidoaniërs, foar Kamosj, de god fan ’e Moäbiten, foar Milkom, de god fan ’e Ammoniten en omdat se myn wegen net gien binne en net dien hawwe, sa’t Ik it hawwe wol, te witten myn foarskriften en rjochtsregels, lykas syn heit David al dien hat. 34It hiele keningskip sil Ik him net ôfnimme, mar him sûnder mis al syn libbensdagen foarst bliuwe litte om myn tsjinner David, dy’t Ik útkeazen haw en dy’t myn geboaden en foarskriften yn acht nommen hat. 35Syn soan sil Ik it keningskip al ûntnimme en oan dij tsien stammen jaan. 36Lykwols sil Ik syn soan ien stam jaan, dat myn tsjinner David altyd noch in lampe foar syn antlit hat te Jeruzalem, de stêd dy’t Ik foar kar nommen haw om dêr myn namme te fêstigjen. 37Ik sil dij hearskje litte oer al watsto begearst, en do meist kening wêze oer hiele Israel. 38Bywannearsto harkest nei al wat Ik dy hjit en op myn wegen giest en dochst sa’t Ik it hawwe wol troch myn foarskriften en rjochtsregels yn acht te nimmen sa’t myn tsjinner David dien hat, dan sil Ik mei dy wêze en dy in bliuwend hûs bouwe, sa’t Ik foar David boud haw, en Ik sil dy Israel jaan. 39Dêr sil Ik de neiteam fan David foar fernederje, mar net foar altyd.
40Salomo hat syn bêst dien om Jerobeäm te deadzjen, mar Jerobeäm makke dat er fuortkaam en flechte nei Egypte, nei kening Sjisjak fan Egypte. En hy bleau yn Egypte oant de dea fan Salomo. 41It oare fan Salomo’s skiednis, al syn wize dieden, dy steane wol beskreaun yn it boek fan ’e skiednis fan Salomo. 42De tiid, dat Salomo te Jeruzalem kening west hat oer hiele Israel, wie fjirtich jier. 43Doe is Salomo rêst mei syn foarfaars en yn ’e stêd fan syn heit David begroeven. En syn soan Rechabeäm folge him op.