It foarbyld fan Paulus
1Bin ik net frijman? Bin ik gjin apostel? Haw ik Jezus, ús Hear, net sjoen? Binne jimme net myn wurk yn ’e Hear? 2As ik foar oaren gjin apostel bin, yn elk gefal bin ik it foar jimme wol. Want mei’t jimme leauwe yn de Hear, binne jimme sels it segel op myn apostelskip. 3Myn ferdigening tsjin har dy’t krityk op my hawwe is dit: 4Hawwe wy dan gjin frij om te iten en te drinken? 5Hawwe wy dan gjin frij om in suster as frou mei te nimmen, lyk as ek de oare apostels en de bruorren fan ’e Hear en Kefas? 6Of misse allinnich Barnabas en ik it rjocht om frij te wêzen fan wurk-mei-de-hannen?
7Wa is oait op eigen kosten ûnder tsjinst? Wa plantet in druvehôf en yt de frucht dêr net fan? Of wa hoedet in keppel en brûkt de molke dêr net fan? 8Ik riddenearje hjir dochs net inkeld as minske? Seit ek de wet faaks net itselde? 9Want yn ’e wet fan Mozes stiet beskreaun: do silst in okse as er oan ’t terskjen is, de bek net tichtbine. Is it God soms om ’e oksen te rêden? 10Of seit Er dat krekt om ús? Ja, om ús is dat skreaun, dat hy dy’t ploeget, op hope ploegje mei en hy dy’t tersket, op hope, dat er der part mei oan krijt. 11As wy foar jimme it geastlike siedde hawwe, freegje wy dan safolle, as wy fan jimme it stoflike ynhelje? 12As oaren it rjocht hawwe om soks fan jimme te freegjen, komt it ús dan net noch mear ta? Wy hawwe lykwols fan dat rjocht gjin gebrûk makke, mar wy litte alles stil gewurde om it bliid boadskip fan Kristus op gjin inkele wize yn ’e wei te stean. 13Witte jimme net, dat dy’t yn ’e timpel har wurk dogge, fan ’e timpel libje? Dat dy’t by it alter tsjinje mei it alter opdiele? 14Sa hat de Hear ek hjitten dat hja dy’t it bliid boadskip ferkundigje, ek fan dat boadskip libje sille.
15Mar wat my oangiet ik haw fan net ien fan dy rjochten gebrûk makke. Ik skriuw dit net mei de bedoeling, dat ik dy rjochten krije sil. Want ik soe leaver stjerre wolle as ... nee, myn eare sil net ien my ûntnaderje. 16Want as ik it bliid boadskip bring, is dat op himsels foar my gjin reden om der grutsk op te wêzen. Ik kin ommers net oars. Hoe slim soe it foar my wêze, as ik it bliid boadskip net brocht. 17Gong it fan mysels út, dan soe ik op lean rekkenje kinne. Mar no’t it net fan mysels útgien is, folbring ik in opdracht dy’t my tabetroud is. 18Wat is dan myn lean? Dit, dat ik it bliid boadskip bring sûnder fergoeding en sa ôfsjoch fan it rjocht dat it ferkundigjen fan it bliid boadskip meibringt.
19Wylst ik sa frij stean foar alle minsken oer, haw ik mysels slaaf fan allegearre makke, om mar mear minsken te winnen. 20En ik bin Joad mei de Joaden wurden om de Joaden te winnen: foar de minsken ûnder de wet, as wie ik ûnder de wet, wylst ik sels dochs net ûnder de wet bin, om de minsken ûnder de wet te winnen. 21Foar de minsken sûnder de wet bin ik wurden, as wie ik sûnder de wet, wylst ik dochs net sûnder de wet fan God bin, mar ûnder de wet fan Kristus, – om de minsken sûnder de wet te winnen. 22Ik bin swak mei de swakken wurden, om de swakken te winnen. Ik bin alles wurden mei allegearre om yn alle gefallen guon ta behâld te wêzen.
23Mar dat allegearre doch ik om ’e wille fan it bliid boadskip, om dêr diel mei oan te krijen. 24Witte jimme net, dat dy’t yn ’e baan rinne, allegearre wol om ’t hurdst rinne, mar dat mar ien de priis krijt? Rin dan sa, dat jimme dy krije. 25Elk, dy’t oan wedstriden meidocht ûntseit himsels gâns dingen. En hja dogge dat om in krânse te krijen dy’t fergiet; mar wy om ien dy’t net fergiet. 26Wat my oanbelanget, ik rin net sa as ien, dy’t gjin fêst doel hat. Ik boks net as ien, dy’t samar wat yn ’e loft slacht. 27Mar ik tramtearje myn lichem en meitsje der myn slaaf fan, want ik wol net, dat ik nei’t ik oaren it bliid boadskip brocht haw, sels net mear meidwaan mei.