1Mar, om op mysels werom te kommen, bruorren, ik koe tsjin jimme net sprekke as tsjin geastlike minsken, mar as tsjin minsken dy’t noch ierdsk tinke as tsjin lytse bern yn it kristlik leauwen. 2Molke haw ik jimme jûn, gjin iten fan ’e tafel: dat koenen jimme noch net ferneare. Ja, dat kinne jimme no ek noch net: 3jimme binne noch al te ierdske minsken, as der by jimme oergeunst en strideraasje is. Want binne jimme dan net ierdsk en geane jimme dan net al te minsklik troch it libben? 4Wannear’t ommers de iene seit: ik bin fan Paulus en de oare: ik bin fan Apollos, dogge jimme dan net al te minsklik?
It goed begryp oer persoan en wurk fan ’e ferkundigers
5Wat is Apollos dan wol? Wat Paulus? Oars net as tsjinstfeinten troch wa’t jimme ta it leauwen kommen binne en elk fan ús lykas de Hear him jûn hat. 6Ik haw plante, Apollos hat wetter jûn, mar God liet it aloan waakse. 7Sa betsjut nòch hy dy’t plantet wat, nòch hy dy’t wetter jout, mar dy’t it waakse lit, en dat is God. 8Dy’t plantet en dy’t wetter jout hearre byinoar, mar elk sil syn eigen lean barre, nei syn eigen wurk. 9Want wy arbeidzje mei-inoar op yn tsjinst fan God, en jimme binne it boulân fan God en it bouwurk fan God.
10Neffens de genede fan God, dy’t my jûn is, haw ik as in kundich boumaster it fûnemint lein en in oar bout dêr op. Mar lit elk der wol om tinke hoe’t er dêr op bout. 11Want in oar fûnemint as wat der al leit, kin net ien lizze; en dat is Jezus Kristus. 12As ien no op dat fûnemint bout, mei goud, sulver, kostbere stiennen, hout, hea of strie, 13elk syn wurk sil oan it ljocht komme. De dei sil it oan it ljocht bringe, om’t er yn fjoer ferskynt, en hoe’t in elk syn wurk is, dat sil it fjoer útwize. 14As ien syn wurk, dat er dêr op boud hat, bestean bliuwt, sil er lean barre; 15as ien syn wurk ferbrânt, sil er skea lije; sels sil er al rêden wurde, mar net liker as wie er troch it fjoer hinne gien.
16Witte jimme net, dat jimme in timpel fan God binne en dat de Geast fan God yn jimme wennet? 17As ien de timpel fan God skeint, dan sil God him skeine. Want de timpel fan God is hillich, en dy timpel binne jimme.
18Net ien moat himsels wat wiis meitsje. As ien ûnder jimme tinkt, dat er wiis is yn ’e eagen fan dizze wrâld, dan moat er earst dwaas wurde om wierliken wiis te wurden. 19Want de wysheid fan dizze wrâld is dwaasheid neffens God. Der stiet dan ek beskreaun: Hy fangt de wizen yn har eigen mûklist, 20en op in oar plak: De Hear wit fan de oerlizzings fan de wizen, dat se sûnder wearde binne.
21Dêrom moat net ien opsprekke fan minsken, want it is allegearre jimmes.
22Paulus of Apollos of Kefas, wrâld of libben of dea, wat der is of wat der komt, alles is fan jimme, 23mar jimme binne fan Kristus en Kristus is fan God.