Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, troch Gods wil roppen om apostel fan Kristus Jezus te wêzen, en fan ús broer Sostenes, 2oan ’e gemeente fan God yn Korinte, oan har, dy’t yn Kristus Jezus hillige binne, dy’t roppen binne om hillich te wêzen mei al de oaren dy’t allerwegen de namme fan ús Hear Jezus Kristus oanroppe, har Hear likegoed as uzes. 3Genede en frede mei jimme wêze fan God ús Heit en de Hear Jezus Kristus.
Paulus tanket God
4Ik tankje God aloan wat jimme oangiet, foar syn genede dy’t jimme yn Kristus Jezus jûn is; 5want jimme binne yn alles ryk wurden yn Him, yn alles wat jim te sizzen hawwe en witte, 6mei’t it tsjûgenis oer Kristus ûnder jimme befêstige is. 7Sadwaande misse jimme gjin inkele jefte, wylst jimme dernei útsjogge dat ús Hear Jezus Kristus iepentlik ferskynt. 8Hy sil jimme ek stânfêst meitsje oan ’e ein ta, dat jimme neat te ferwiten falt de deis fan ús Hear Jezus [Kristus]. 9God is trou, Hy hat jimme roppen ta mienskip mei syn Soan Jezus Kristus, ús Hear.
Partijskip yn de gemeente
10Ik stean der by jimme op oan, bruorren, yn de namme fan ús Hear Jezus Kristus: wês allegearre ienriedich en lit der ûnder jimme gjin partijen komme, mar lûk ien line, ien fan sin en ien fan oertsjûging. 11Want my is oer jimme troch Chloë har folk te witten dien, bruorren, dat der skelen ûnder jimme binne. 12Ik bedoel dit, elk fan jimme ropt syn eigen wurd: Ik bin fan Paulus! Ik bin fan Apollos! Ik bin fan Kefas! Ik bin fan Kristus. 13Is Kristus dan yn stikken ferparte? Is Paulus faaks foar jimme krusige, of binne jimme yn Paulus syn namme doopt? 14Ik bin tankber, dat ik op Krispus en Gaius nei net ien fan jimme doopt haw; 15dat net ien kin sizze, dat jimme yn myn namme doopt binne. 16O ja, dan haw ik ek noch de húshâlding fan Stefanas doopt. Fieders soe ik net witte, wa’t ik oars noch doopt haw. 17Want Kristus hat my net stjoerd om te dopen, mar om it bliid boadskip te bringen en dat net mei de taal fan wiisgearen, want Kristus’ krús mei syn krêft net ferlieze.
De dwaasheid fan it krús
18Want it boadskip fan it krús is wol foar har dy’t ferlern geane in dwaasheid, mar foar ús dy’t behâlden wurde is it in krêft fan God. 19Der stiet dan ek skreaun:
Te neate dwaan sil Ik de wysheid fan de wizen
en it ferstân fan de ferstannigen sil Ik ferdwaan.
20Wêr is de wize? Wêr de skriftgelearde? Wêr de redendieler fan dizze tiid? Hat God de wysheid fan ’e wrâld net yn dwaasheid feroare? 21Yn de wysheid fan God hat de wrâld mei al har wysheid God net fûn. Dêrom hat it God goed talike om har dy’t leauwe te behâlden troch de dwaasheid fan ’e ferkundiging. 22Ommers: de Joaden freegje tekens en de Griken sykje wysheid, 23wy dêrfoaroer ferkundigje Kristus en dy oan it krús slein, foar Joaden wol in stroffelstien en foar heidenen in dwaasheid, 24mar foar har dy’t roppen binne, Griken likegoed as Joaden, Kristus, Gods krêft en Gods wysheid. 25Want de dwaasheid fan God is wizer as de minsken en de swakkens fan God is sterker as de minsken.
26Betink dochs, bruorren, hoe’t jimme roppen waarden: mar in pear wienen wiis yn ’e eagen fan ’e minsken, mar in pear machtich, mar in pear fan heech komôf. 27Mar wat by de wrâld dwaas is, hat God útkard om de wizen te skande te meitsjen; en wat by de wrâld swak is hat God útkard om it sterke te skande te meitsjen; 28en dat wat yn ’e wrâld fan leech komôf en gjin tel is, dat hat God útkard; dat wat neat is, om wat al wat is, te neate te dwaan, 29dat gjin minske foar God oer grut giet op himsels. 30Mar troch syn tadwaan binne jimme opnommen yn ’e mienskip mei Kristus Jezus, dy’t fan Godswegen wurden is: ús wysheid, gerjochtichheid, hilliging en ferlossing, 31dat it sa komme mei lykas beskreaun stiet: as ien opsprekke wol, lit him dan sprekke fan de Hear.