Davids meistriders te Siklach
1No komme de mannen dy’t har te Siklach by David joegen, doe’t er Saul, de soan fan Kisj, net ûnder eagen komme mocht; se hearden ta de helden dy’t him holpen yn ’e striid 2en wienen útrist mei bôgen. By it stienslingerjen en pylksjitten koenen se har likegoed mei de linker as mei de rjochter hân rêde.
Fan Saul syn famylje út Benjamin wienen it: 3Achiëzer, de oanfierder, en Joäsj, soannen fan Hasjmaä, de Gibeatyt; Jeziël en Pêlet, soannen fan Asmavet; Baraka en Jehû, de Anatotyt; 4Jisjmaja, de Gibeönyt, in held ûnder de tritich, dy’t oer harren stie. 5Jirmeja, Jachazeël, Jochanan, Jozabad, de Gederatyt; 6Elûzai, Jerimot, Beälja, Sjemarjahû, Sjefatjahû, de Charifyt; 7Elkana, Jissjia, Azarel, Joêzer, Jasjobam, de Korachiten; 8Joëla en Sebadja, soannen fan Jerocham fan Gedor.
9Fan ’e Gaditen joegen ek guon har by David yn ’e berchfesting yn ’e woestyn. It wienen krigele helden, striidbere kriichslju, útrist mei skyld en spear, dy’t der útseagen as liuwen en sa fluch wienen as reeën op ’e bergen. 10Ezer, de oanfierder, Obadja, de twadde, Eliab, de tredde, 11Misjmanna, de fjirde, Jirmeja, de fyfte, 12Attai de sechste, Eliël, de sânde, 13Jochanan, de achtste, Elzabad, de njoggende, 14Jirmejahû, de tsiende, Makbannai, de âlfte. 15Dat wienen dan de legeroanfierders fan ’e Gaditen, elk fan ’e minste wie opwoeksen tsjin hûndert man, de grutste tsjin tûzen. 16Dy mannen stieken yn ’e earste moanne de Jordaan oer, doe’t dy oeral oan ’e kanten ta stie, en ferdreauwen de bewenners fan’e dellings oan east- en westkant.
17Doe’t der ris guon fan ’e Benjaminiten en Judeeërs by David yn ’e berchfesting kamen, 18kaam David de festing út en har yn ’e mjitte; hy heinde har op mei dizze wurden: As jimme as freonen kommen binne om my te helpen, dan sil myn hert ien en mien mei jimme wêze; mar is it derom te rêden my oan myn tsjinstanner te ferrieden, wylst der gjin ûngerjochtichheid oan myn hân klibbet, dan mei ús âffaars God it sjen en straffe. 19Doe kaam de Geast oer Amasai, de oanfierder fan ’e tritich, en hy rôp:
Jowes binne wy, David,
en jo meistanners, soan fan Isai!
Mei frede jo diel wêze
en dat fan jo helpers,
want jo God helpt jo.
Doe naam David har oan en joech har plak ûnder de oanfierders fan ’e troepen. 20Fan Manasse rûnen ek guon nei David oer, doe’t er mei de Filistinen opteach yn ’e striid tsjin Saul. Hy hat har lykwols net holpen, want de stedsfoarsten fan ’e Filistinen hawwe him mei opset sin fuortstjoerd; want, seinen se, hy koe ris oerrinne nei syn hear Saul, dan komt ús dat de holle te kostjen. 21Doe’t er nei Siklach gong, rûnen dizze mannen fan Manasse nei him oer: Adnach, Jozabad, Jediaël, Michaël, Jozabad, Elihû en Silletai, oanfierders fan tûzenskippen út Manasse. 22Dy holpen David tsjin de binden, want it wienen krigele helden. En se waarden oanfierders fan it leger. 23Sa sleaten har dei oan dei guon by David oan om him te helpen, oant it in grut leger waard, in enoarm leger.
David syn leger te Hebron
24No komme de tallen fan ’e ôfdielings fan har dy foar de striid útrist wienen en dy’t nei David te Hebron ta kamen om it keningskip fan Saul op him oer te dragen, sa’t de Heare sein hie. 25Judeeërs dy’t skyld en spear droegen: 6800 man, útrist foar de striid. 26Fan ’e Simeoniten, krigele helden yn ’e striid: 7100. 27Fan ’e gewoane Leviten: 4600 man. 28Ek Jojada, foarst fan it hûs fan Aäron en mei him 3700 man. 29Fierder Sadok, in jongfeint, in krigel held en syn stamhûs: twaëntweintich oanfierders. 30En fan ’e Benjaminiten, Saul syn famylje, 3000 man. Oant dy tiid wienen ommers de measten it hûs fan Saul trou bleaun. 31Fan ’e Efraïmiten: 22.800 krigele helden, mannen fan namme yn har stamhûs. 32Fan ’e heale stam Manasse: 18.000 dy’t by namme te boek stienen om op te kommen en David kening te meitsjen. 33Fan ’e Issaskariten: mannen dy’t krekt wisten hoe en wannear’t Israel tapakke moast: der wienen 200 oanfierders en al har bruorren stienen ûnder har kommando. 34Fan Sebûlon: 50.000 man, parate troepen, foar de striid útrist mei allerhanne wapens en altyd ree om slach te leverjen. 35Fan ’e Naftaliten: tûzen oanfierders mei 37.600 man ûnder har, útrist foar de striid. 36Fan ’e Daniten: 28.600 man, útrist foar de striid. 37Fan Azer: 40.000 man, ree om slach te leverjen. 38Fan oare kant de Jordaan, fan ’e Rûbeniten, de Gaditen en de oare heale stam Manasse: 12.000 man, mei allerhanne wapenreau foar de striid tarist.
39Dy allegearre, kriichslju yn slachoarder opsteld, wienen David folslein tagedien en kamen nei Hebron om him kening te meitsjen oer hiele Israel; alle oare Israeliten wienen der ek as ien man foar om David kening te meitsjen. 40Trije dagen bleauwen se dêr by David en se ieten en dronken, want har eigen lânslju hienen it foar har reemakke. 41Har neistbesteanden, sels dy út Issaskar, Sebûlon en Naftaly, kamen mei iten oansetten, op ezels, kamielen, mûldieren en oksen: moalkost, figekoeken en rezinekoeken, wyn en oalje, skiep en kij by de rûs, want it wie feest yn Israel.